Tsjerke op 'e Terp (Burdaard)
Tsjerke op 'e Terp | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Burdaard | |
adres | Tsjerkebuorren 1 | |
koördinaten | 53° 17' N 5° 52' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1851 | |
Webside | ||
PKN-gemeente Burdaard-Wânswert-Jislum | ||
Kaart | ||
De Tsjerke op 'e Terp is de eardere herfoarme tsjerke fan Burdaard. De tsjerke is tsjintwurdich ien fan de twa tsjerken de PKN-gemeente Burdaard-Wânswert-Jislum.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trijesidich sletten sealtsjerke waard yn 1851 boud en ferfong doe in midsiuwske tsjerke mei in sealtektoer. De tsjerke hat spitsbôgige finsters en in geveltoer mei ynsnuorre spits. De pastorije oan de Dokkumer Strjitwei 2 datearret ek út 1851.
Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de yn 1638 troch Jacob Noteman getten klokken foardere troch de Dútske autoriteiten.[1]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1867 boud troch de bruorren Adema foar de Sint-Nikolaastsjerke fan De Kúnder. De bruorren Adema feroaren yn 1923 de disposysje. Nei't de katoliken de Sint-Nikolaastsjerke fan Kuinre sletten om 't hja dêr de grifformearde tsjerke oernamen, koe de doetiidske herfoarme gemeente fan Burdaard it Adema-oargel oankeapje. De herfoarme tsjerke hie in oargel fan Spanjaard út 1940, dat yn 1973 ôfbrutsen waard. It Adema-oargel waard dêrnei troch Wil Boegem yn Burdaard opboud.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|