Greg Bear

Ut Wikipedy
Greg Bear
skriuwer
Greg Bear (2014)
Greg Bear (2014)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gregory Dale Bear
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 augustus 1951
berteplak San Diego
stoarn 19 novimber 2022
wurk
taal Ingelsk
sjenre romans
tema's science fiction
spekulative fiksje
prizen Hugo Award (1983)
Nebula Award (1983, 1984, 1986, 1993, 2001)
jierren aktyf 1983 - 2022
offisjele webside
Offisjele webside

Gregory Dale (Greg) Bear (San Diego, 20 augustus 1951 - 19 novimber 2022) wie in Amerikaansk skriuwer en yllustrator, hy skreau benammen science fictionboeken.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bear wurdt rekkene ta de hurde science fiction, om't syn boeken geregeld de mooglike ynfloed behannelje fan de nijste ynsichten yn wittenskip en technology op ús maatskippij. Yn Darwin's Radio út 1999 die er dat sa oertsjûgjend dat it wittenskiplike tydskrift Nature him priizge om syn rigoereuze en disninearre útwurking fan de modernste ideeën yn molekulêre biology oer firussen en evolúsjeteory.

Bear wûn de Hugo Award en de Nebula Award mei de "novelette" Blood Music - letter útwreide ta roman) en mei it koarte ferhaal Tangents (1986). De Nebula waard him ek tadield foar de novelle Hardfought (1984), de roman Moving Mars (1993) en de roman Darwin's Radio (2001).

Bear wie boaske mei in dochter fan skriuwer Poul Anderson, it pear hie twa bêrn.

Greg Bear ferstoar op 19 novimber 2022 yn 'e âldens fan 71 jier.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eon searje

  • Eon (1985)
  • Eternity (1988)
  • Legacy (1995)

Forge of God searje

  • The Forge of God (1987)
  • Anvil of Stars (1992)

Darwin searje

  • Darwin's Radio (1999)
  • Darwin's Children (2003)

Michael Perrin searje

  • The Infinity Concerto (1984)
  • The Serpent Mage (1986)

Queen of Angels searje

  • Queen of Angels (1990)
  • Heads (1990)
  • Moving Mars (1993)
  • / ook wel Slant (1997)

Oare romans

  • Hegira (1979)
  • Psychlone (1979)
  • Beyond Heaven's River (1980)
  • Strength of Stones (1981)
  • Corona
  • Blood Music (1985)
  • Foundation and Chaos
  • Dinosaur Summer (1998)
  • Country of the Mind (1998)
  • Rogue Planet
  • Vitals (2002)
  • Dead Lines (2004)
  • Quantico (2005)
  • City at the End of Time (2008)

Ferhalebondels

  • The Wind from a Burning Woman (1983)
  • Tangents (1989)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.