Goudeachje

Ut Wikipedy
Goudeachje
Anser erythropus.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
Famylje: Einfûgels (Anatidae)
soarte
Anser erythropus
Anser erythropus
Anser erythropus

It Goudeachje (Anser erythropus ) is in 53-66 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. It is de seldsumste guozzesoart fan Jeropa. It goudeachje liket in bult op de Blesgoes, foaral troch de wite bles underskiede se har fan de oare guozzen. It goudeachje is wol in stik lytser as de blesgoes en hy hat in giele râne om syn each, dêr't er syn Fryske namme oan tanket.

Oare nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It goudeachje wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut mei Kolgoes of Lytse Kolgoes.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It goudeachje komt it meast foar yn it noarden fan Aazje mar der binne ek minsken dwaande de fûgel wer yn Skandinaavje te yntrodusearjen. De fûgels fan dat projekt fleane mei de oare guozzen út dat gebiet nei Nederlân om hjir te oerwinterjen.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It goudeachje bliuwt meast by deselde partner. Se begjinne yn maaie te brieden op sa'n 4-6 aaien. Nei in lytse fjouwer wike komme de jongen út, wêrnei se noch 5 wiken by de âlden bliuwe.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]