Gothic (muzyk)

Ut Wikipedy

Binnen de Britske popkultuer rekke it begrip Gothic yn de jierren tachtich yn swang foar in tige ferskillend oantal musykgroepen dy't in op klassike horrorfilms basearre uterlik en in grimich romantyske mentaliteit mien hienen (net te betiizjen mei gothic metal).

Earste weach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As it ierste foarbyld fan gothic wurdt wolris it album The Marble Index fan Nico út 1969 neamd. Joy Division (oprjochte yn 1976) wurdt ek wol as de earste gothicband sjoen. Yn de tiid fan de punk ûnderskiede dizze groep har troch ûnheilsswiere teksten, kombinearre mei sfearbepalende klanken. De groep hie in grutte muzikale ynfloed op de earst lichtfuottige rockband The Cure.

De punkband Siouxsie and the Banshees adoptearre ek de foarmjouwing fan klassike horrorfilms. Ek dit waard letter oernaam troch de rockband The Cure.

Doe't punk begjin jierren tachtich plak makke foar de New Romantics-raazje waard de tsjustere kant fan dat op ferline iuwen basearre moadebyld fertsjintwurdige troch de "goths". Dizze oer it genaraal freonlike, in bytsje swiersettige, meastentiids út de middenklasse ôfkomstige goths foelen faak op troch meast swarte klean, ruotswart ferve hier en in wyt antlit. Op it mêd fan muzyk wie der foar elke goth wol wat fan syn of har oefte te finen. Wa't de foarkar joech oan noflik yn it ear lizzende ferskes keas foar The Cure of foar Toyah. Siouxsie and the Banshees en [[X Mal Deutschland]] makken wat eigenwizere muzyk, wylst de acts fan it 4AD-label rûnút arty wienen. Mei Bauhaus, Killing Joke of The Cult waard it al wat grimiger en de ûnbehaachlikste kant fan it sjenre waard fertsjintwurdige troch The Birthday Party en Alien Sex Fiend.

De goths wienen yn de hiele tachtiger jierren in fertroude ferskining op plakken wêr't de 'alternative' jongerein byinoar kaam. Pas mei de komst fan progressive dûnsmuzyk en grunge waarden de goths as âlderwetsk beskôge.

Twadde weach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de jierren '90 ferdwûn it Gothic-sjenre hielendal nei de eftergrûn. Allinnich yn Dútslân bleau it populêr. Yn Nederlân ferdwûn it sa goed as hielendal. Allinich de Inrjochtingfeesten dy't fan 1991 ôf yn ferskeidene lokaasjes yn Amsterdam hâlden waarden wienen in lêste bastion. Op dizze feesten waard alternative muzyk kombinearre mei âlde en nije, út Dútslân ôfkomstige New Wave, EBM en gothic.

De twadde weach kaam yn de twadde helte fan de jierren '90 stadichoan boppe de grûn. In nijsgjirrich ferskynsel hjirby is dat in soad streamingen dy't yn de jierren '80 bûten de gothic foelen, dêr yn de jierren '90 mear en mear mei assosjearre rekken. Sjenres as EBM, industrial, new wave en neofolk gienen diel útmeitsjen fan de bûnte samling stilen dy't foar it gemak ûnder de neamer "gothic" pleatst waarden. Technysk sjoen is dizze twadde weach dus mear in new wave streaming as in werklike oplibbing fan de gothic, hoewol't ek dizze oarspronklike streaming noch altyd diel útmakket fan it pakket. Feitlik waard yn de jierren '90 it etiket "New Wave" ferruile foar "Gothic". It is dêrom belangryk om ûnderskied te meitsjen tusken de oarspronklike definysje (te finen by gothic rock) en de hjoeddeiske sitewaasje wêryn't in grut oantal stilen as "Gothic" oanmerkt wurde.

Binnen dizze twadde weach kinne je de stilen fan de romantyske en freonlike darkwave en medieval muzyk fine, oant de grimige elektronika fan de EBM en industrial. Fan 1998 ôf begûn de twadde weach har stadichoan te manifestearjen. Feesten en konserten begûnen har te ferpleatsen fan de kreakpânen nei de reguliere klubs, en it klubsirkwy. Tsjintwurdich hat elke grutte seal yn Nederlân wol in gothicfeest. Yn Utrecht is der yn de simmer it Summer Darkness festifal en yn Seelân it Terra Gotha festifal.

Wrâldwiid hat Gothic syn measte oanhing yn de westerske wrâld, mei Noard-Jeropa/Dútslân as sintrum. It sjenre is dêrbûten ek populêrder oan it wurden. Sa binne der grutte scenes yn Súd- en Midden-Amearika. In lân as Meksiko hat sels in ynternasjonaal wurdearre EBM scene, wêrfan de Azteeks-Yndiaanske band Hocico de belangrykste fertsjintwurdiger is. Ek yn Japan is it populêr, hoewol't de Japanners der in sterke eigen ynfolling oan jouwe middels visual kei muzyk en gothic lolita klean. Hoewol't dizze styl yn werklikheid hielendal los stiet, wurdt it troch in protte minsken as in sub-styl beskôge.

De twadde weach wurdt yn Nederlân ek wol ris oantsjutten as cybergothic. Dizze namme, betocht troch de Utrechtse gothic dj X-X-X waard oarpronklik brûkt as oantsjutting foar de nije generaasje goths dy't kontakt mei inoar sochten fia ynternet. De term cybergothic wurdt tsjintwurdich ek brûkt om elektroanyske stilen binnen de gothic oan te tsjutten.

Wave-Gotik-Treffen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It mekka en sintrum fan de twadde weach is it Wave-Gotik-Treffen yn Leipzig, Dútslân. Dit is wrâldwiid it grutste gothic-festifal. It wurdt elk jier mei de Pinksterdagen hâlden en goths wrâldwiid komme elk jier nei Leipzig om yn de fjouwer dagen fan it festifal te feesten, bands te besjen, klean te keapjen en kontakten te lizzen.

Neist WGT besteane der, foaral yn Dútslân, nog in pear grutte gothic festifals, lykas M'Era Luna yn Hildesheim.

Oersjoch streamingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende streamingen falle hjoeddeis ûnder de gothic-streaming:

Sjenres as electroclash, electro, new wave en shoegaze wurde troch de goths fan hjoeddeis ek wurdearre en binne ek wol ris op de moderne gothicfeesten te hearren. Op de moderne gothic feesten wurdt ek wol de mear dûnkere New Wave draaid, mei bands as Editors, Interpol en White Rose Movement.

Gothic Metal (bands as Within Temptation, Sariola, Evanescence, Nightwish en After Forever) hearre thús ûnder de metal, progressive metal, symfonyske metal of power metal. It sjenre waard gothic metal neamd fanwege de foarkar foar jurken dy't de sjongsters fan dizze bands hienen. Dizze namme soarge foar in protte betizing, want it feit bliuwt dat de measte bands dy't gothic metal neamd wurde net of kwealik troch de gothic of new wave beynfloede binne. Se hawwe dus, ûndanks harren namme, neat mei gothic te krijen. Der binne lykwols grinsfallen. Bands as Rammstein, ASP, Letzte Instanz of Inkubus Sukkubus hawwe net allinich metal mar ek dúdlike gothic-ynfloeden. De measte fan dizze bands binnen Dútsk en wurde dêr ek wol yndield ûnder de Tanzmetal of Neue Deutsche Härte.

Oersjoch bands[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Belangrike bands út de earste weach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Belangrike bands út de twadde weach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]