Deine Lakaien

Ut Wikipedy
Alexander Veljanov, Ernst Horn, B.Deutung, Robert Wilcocks mit der Neuen Philharmonie Frankfurt, Arena Berlin, 19. Februar 2007

Deine Lakaien is in Dútske Darkwave- en Gothicband, aktyf sûnt 1985. Troch de klassike oefening fan komponist Ernst Horn en de djippe, dûnkere stim fan sanger Alexander Veljanov hat Deine Lakaien in ryk, melancholysk lûd witte te berikken.

De Advertinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1985 sette Ernst Horn, in pianist dy't klassyk ûnderrjocht folge hie, komponist en dirigint, in advertinsje yn in pleatslike krante fan München. De tekst wie: "Sjonger siket immen dy't fan eksperimintearjen hâldt." De fan oarsprong Masedoanyske sjonger Alexander Veljanov reagearde op de advertinsje. It klikte, en Deine Lakaien is begûn. De band neamt harsels nei in sin út in nûmer fan de Dútske Industrial band Einstürzende Neubauten.

Earste Jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1986 ferskynt yn eigen behear it titelleaze debút. Troch optredens wit de band yn de jierren dêrnei stadichoan in cultstatus te berikken, en as it twadde album "Darkstar" útbrocht wurdt yn 1991 witte se in grut publyk oan har te binen. It titelnûmer en de track "Love me to the end" wurde clubhits yn de Dútske gothic en alternative scene. As de band yn 1993 it album "Forest Enter Exit" útbringt brekt de band ek troch yn de mainstream. It album komt yn de Dútske hitlisten en Deine Lakaien wurdt ien fan Dútslâns grutste gothicbands.

De stadige opgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferkeapen fan elk folgjend album wurde hieltyd grutter en de ferkeap fan de lêste trije albums ("White Lies", "Kasmodiah" en "April Skies') wit yn Dútslân sels de top-10 te heljen. Mei it lêste album begjint Deine Lakaien ek stadichoan troch te sipeljen nei it bûtenlân.

Live[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net allinnich op albums, ek live is Deine Lakaien in hiele ûnderfining. Live wurdt de band útwreide mei twa fioelistes, in sellist en in gitarist. Troch dizze foar in gothic/pop band aparte line-up witte se in bysûndere sfear del te setten. Mei dêroan keppele it firtuoaze toetsenwurk fan Ernst Horn en de eksintrike foardracht fan Alexander Veljanov is Deine Lakaien live sear de muoite wurdich. De band docht ek akoestyske sets mei allinch Horno op de piano en Veljanov as sjonger.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • First (1986)
  • Dark star (1991)
  • 2nd star (EP) (1991)
  • Dark star live (live) (1992)
  • Forest enter exit (1993)
  • Mindmachine (EP) (1994)
  • Acoustic (live) (1995)
  • Winter fish testosterone (1996)
  • Kasmodiah (1999)
  • White lies (2002)
  • Live in concert (2003)
  • 1987 (The early tapes) (destiids net útbrocht twadde album) (2003)
  • April skies (2005)