Springe nei ynhâld

Gorny-kleaster

Ut Wikipedy
Gorny-kleaster
Горненский монастырь
   kleaster
Lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
adresEin Kerem
koördinaten31°45' N 35°09' E
Kleastergegevens
denominaasjeRussysk-Otterdokse Tsjerke
Ynformaasje bou
boujier1871-2007
boustylRussysk-byzantynske arsjitektuer
Webside
It kleaster op de side fan it Moskouse patriargaat
Kaart
Gorny-kleaster (Jeruzalim)
Gorny-kleaster

It Gorny-kleaster (Russysk: Горненский монастырь; "Berch-kleaster") is in russysk-otterdoks nonnekleaster dat opdroegen waard oan it Kazan-ikoan fan de Mem Gods yn Ein Kerem, sa'n sân kilometer súdwestlik fan 'e âlde stêd fan Jeruzalim, Israel. It kleaster falt ûnder de jurisdiksje fan 'e Russyske tsjerklike missy yn Jeruzalim fan it Patriargaat fan Moskou.

Archimandryk Antonin, inisjatyfnimmer fan 'e stifting fan it kleaster.

Yn 1871 kocht de Russysk-Otterdokse Tsjerke in stik grûn yn 'e omjouwing fan it doarp Ein Karem, dat tradisjoneel beskôge wurdt as it berteplak fan Jehannes de Doper en it plak dêr't de hillige jongfaam Marije by har nicht Elisabet op besite gyng (Lukas 1:39-56). Fuort nei de oankeap setten der nonnen harren der nei wenjen en de earste kleastertsjerke waard op 14 febrewaris 1883 yn namme fan 'e Kazan-ikoan fan 'e Mem Gods ynwijd. Tsjintwurdich is it de wichtichste tsjerke fan it kleaster, dêr't it fereare Kazan-ikoan bewarre wurdt. Rjochts fan 'e yngong fan 'e Kazantsjerke leit in stien, dêr't neffens de oerlevering Jehannes de Doper op preke hat. Dy stien is ôfkomstich út de omjouwing fan Jeruzalim en waard nei it kleaster oerbrocht. Yn 1910 begûn de bou oan 'e katedraal, dy't wijd wurde soe oan 'e hillige Trije-ienheid, mar troch it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich kaam der ynearsten in ein oan 'e wurksumheden.

Foar it kleaster briek in lange drege tiid oan. De likernôch 200 nonnen fan it kleaster moasten op lêst fan 'e Ottomaanske autoriteiten it kleaster ferlitte en nei Aleksandrje ferhûzje. De nonnen kamen yn 1918 werom, mar se troffen by it weromkommen in skeind kleaster oan, dat se dêrnei fuort opknapten. Dêrnjonken wiene de politike omstannichheden yn Ruslân yntusken feroare. It nije ateïstyske rezjym yn Moskou makke it kontakt mei it patriargaat ûnmooglik en sûnt 1920 foel it kleaster, krekt lykas de hiele Russyske tsjerklike missy, ûnder de Russysk-Otterdokse Tsjerke bûten Ruslân. De nije nonnen dy't noch nei it kleaster kamen wiene Russyske ymmigranten, dy't fia Bessarabië út Ruslân en dan troch Servje nei it Hillige Lân wisten te flechtsjen. Mar in pear novises wiene fan Arabyske komôf.

Russyske nonnen fan it kleaster.

Yn 'e Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 waard Ein Karem yn july bombardearre en de nonnen flechten nei it Jordaanske diel fan Palestina. Nei de foarming fan 'e steat Israel yn 1948 waarden it kleaster en de gebouwen fan 'e Russyske tsjerklike missy troch de Israelyske autoriteiten oerdroegen oan it patriargaat fan Moskou. De nonnen dy't net werom woene nei de jurisdiksje fan Moskou ferhûzen nei Ingelân en stiften dêr it Ferkundigingskleaster yn Londen. Fiif nonnen ferhûzen nei Sily en stiften ek dêr in eigen delsetting, it Himelfeartskleaster.

It kleaster bleau yn 'e skiednis fan 'e Sovjet-Uny it iennige nonnekleaster fan it patriargaat fan Moskou bûten de Sovjetgrinzen.

Oersjoch kleaster.

Yn 1987 waard de Grottsjerke ta eare fan Jehannes de Doper ynwijd. Tsien jier letter waard yn 1997 de bou fan 'e Trije-ienheidskatedraal wer oppakt en yn 2007 foltôge. It kleaster bestie doe 160 jier. Op 28 oktober 2007 waard de katedraal ynwijd en opdroegen oan 'e Alderheljen fan Ruslân. Op 12 novimber 2012 fûn de grutte wijing troch patriarch Kirill fan Moskou plak. It kleaster telt hjoeddedei trije tsjerken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Горненский монастырь (Эйн-Карем)