Ein Kerem
Ein Kerem (Hebriuwsk: עֵין כֶּרֶם, Arabysk: عين كارم; ek Ain Karim) is oarspronklik in doarp en tsjintwurdich in stedsdiel fan Jeruzalim, Israel. It plak in fanwegen de oerlevering dat Jehannes de Doper dêr berne is in kristlik beafeartsplak.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1948 bestie de befolking fan Ein Kerem út Arabyske moslims en kristenen. Nei in guerilla-oanfal fan yn Ein Kerem stasjonearre feriene Arabyske striders op in joadsk konvoai op de wei fan Tel Aviv-Jeruzalim en de oanfal fan joadske striders op it krekt wat noardliker lizzende Deir Yassin, waard de befolking fan Ein Kerem evakuëarre. De ferlitten hûzen waarden letter tawiisd oan migranten. Troch de tiid hinne droech it lanlike karakter der oan by dat Ein Kerem in populêr keunstnersplak waard.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme betsjut "boarne fan de wynberch".
Beafeart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak wurdt neffens fynsten al sûnt de brûnstiid bewenne en mooglik giet it om itselde plak as it âldtestamintyske Bet Kerem (Jeremia 6:1; Nehemia 3:14). Neffens it Lukas-evangeelje (1:39) reizge Marije nei de ferkundiging nei it heechlân nei in stêd yn Juda om in besite te bringen oan Sacharías en har nicht Elisabet, dy't swier wie.
It besjen wurdich yn Ein Kerem is de 19e iuwske katolike Tsjerke fan de hillige Jehannes de Doper. Dêr soe de grot lizze dêr't Jehannes de Doper berne waard. Ek it russysk-otterdokske Gorny-kleaster ("Berchkleaster") út de 19e iuw hat in Jehannes de Dopertsjerke. De katedraal fan it kleaster waard yn 2007 foltôge. Under it Gorny-kleaster leit de Visitatio-tsjerke (Fisitaasjetsjerke). Oan it paad nei de tsjerke leit ûnder in 19e iuwske moskee in boarne, dêr't neffens in 14e iuwske tradysje Marije op reis nei har nicht Elizabet efkes lins holden hat. It Frânske kleaster Les Sœurs de Notre-Dame de Sion (De Susters fan Us-Leaffrou fan Sion) is in 19e iuwsk kleaster dat stifte waard troch de ta it katolisisme bekearde joaden Theodore en Marie-Alphonse Ratisbonne.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ein Kerem fan Wikimedia Commons. |