Gobabis
Gobabis | ||
Gobabis út de lofy wei sjoen 2005 | ||
Bestjoer | ||
Lân | Namybje | |
Regio | Omaheke | |
Kiesdistrikt | Gobabis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 19.101 (2011) | |
Oerflak | 377,4 km² | |
Befolkingsticht. | 50,4 / km² | |
Hichte | 1440 m | |
Oar | ||
Stifting | 1856 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 |
Gobabis is in stêd yn Namybje, it eardere Súdwest-Afrika, en is it haadplak fan de regio Omaheke. Yn 2001 hie Gobabis 13.856 ynwenners. De B6 autodyk fan Windhoek nei Botswana rint dêr del. De stêd leit 110 km fan de Buitepos grinsoergong mei Botswana en hat in wichtige ferbining mei Súd Afrika oer de ferhude Trans-Kalahari Autodyk. Gobabis is in susterstêd fan Drachten.
Gobabis leit yn it hert fan in regio mei fee-buorkerijen; dêr binne sy tige wiis mei, dat dêr stiet in grut stânbyld fan in mânske bolle by in ynfalswei fan Gobabis mei de tekst: "Welcome to Cattle Country". Gobabis leit oan de râne fan de Kalahary woastyn en is tradisjoneel it lân fan it Herero folk.
Sa as in protte plakken yn Namybje is Gobabis ûntstien om in missypost hinne, (Gobabis betsjut "plak dêr't diskusjearre wurdt" yn it Nama), yn dit gefal stifte yn 1856 troch Friederich Eggert fan de 'Rheinyske Missy Feriening'. It Gobabis distrikt waard opeaske troch de Dútske autoriteiten yn febrewaris 1894 en yn juny 1895 waard it beset troch in Dútsk garnizoen. It militêre fort, boud yn 1896-7 is al lang ferdwûn, mar in oar gebou út dy tiid is it fjildhospitaal, of lazaret, en dat is no in nasjonaal monumint.
Gobabis waakst noch hieltyd troch dat it in trochfierplak is foar guod fan de minen út, it hielendal troch lân omsletten, Botswana nei de Namybyske haven Walfisk Baai; en fierders troch de ynfier fan konsuminteguod út Jehannesburch yn Súd-Afrika.
Boargemasters sûnt 1944
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- A.P. Olivier, 1944―1945
- J.O. van Helsdingen, 1945―1947
- J.L. von Wielligh, 1947―1949
- J.A. van der Merwe, 1949―1951
- N.J. Smit, 1951―1953
- H.T.A. Enslin, 1953―1954
- F.J. Martins, 1954―1957
- J.G.N. Lombard, 1957―1965
- H.J.J.L. van Dyk, 1965―1967
- C.R.B. Liebenberg, 1967―1968
- E.P. Kilian, 1968―1969
- P.H. Oosthuizen, 1969―1981
- P.J. Kotze, 1981―1987
- S.W.P. Labuschagne, 1987―1992
- I.P.M. Nganate, 1992―1994
- A.M. Phemelo, 1994―1995
- I.P.M. Nganate, 1995- ?
- P.M. Katjaoha, sûnt ?
- Sila Bezuidenhoudt, yn 2012 [1]
- Liberius Kalili, oant 2020
- Elvire Theron, fan desimber 2020 ôf
Freonskipsbân mei Drachten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2010 bestiet de bân mei Drachten 15 jier. Yn dy tiid binne ferskate projekten opset mei jildlike- en saakkundige stipe fan Smellingerlân. Beide gemeenten hawwe omtinken jûn oan saken as: húsfestjen, ferwurking fan smoargens, ferbettering fan de brânwar, it foarkommen fan HIV/Aids, stifting fan in âldereinhûs, en it opsetten fan kompjûterûnderwiis. Guon projekten hawwe al laat ta ferbetterings, benammen ûnder de meast earmen. Ut tank hat de gemeente Gobabis, by gelegenheid fan it 15 jierrich jubileum fan de bân, in nije wenwyk nei wethâlder Jan Rozema neamd, de 'Rozema Heights'. [2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) www.gobabis.net
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gobabis fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |