Globodera pallida

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Globodera pallida
gjin ôfbylding beskikber
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rûnwjirms (Nematoda)
klasse: Secernentea
skift: Tylenchida
famylje: Heteroderidae
skaai: Globodera
soarte
Globodera pallida
Stone, 1973
IUCN-status: ûnbekend

Globodera pallida is in soarte rûnwjirm yn de famylje Heteroderidae. It is bekend as in plantepatogen, benammen by ierdappels. It is ien fan de skealikste planteparasiten dy’t grutte skea oan gewaaksen docht, en it is in model-organisme dat yn de biology brûkt wurdt om syste-ieltsjes te bestudearjen.[1] De mienskiplike namme omfiemet de ierdappel syste nematoade, wite ierdappel syste nematoade, bleke ierdappel syste nematoade, ierdappel woartelwjirm,[2] gouden nematoade,[3] en bleke syste nematoade.[4]

It wyfke hat in globefoarmich liif mei in tsjokke, kant-eftige opperhûd. It hâldt de aaikes yn it liif yn stee fan se te lizzen, en wurdt brunich as it dea giet.[5] It wyfke is wyt oant krêmkleurich. Globodera rostochiensis sjocht der itselde ut mar it wyfke is in stik fan it libben gielich.[2]

It mantsje hat in wjirmfoarmich liif yn de foar fan in C of S.[5]

Dit wjirmke waard sjoen as lânseigen foar de Andes. Tsjintwurdich wurdt it oantroffen yn 55 lannen, meast yn tuskenbeide klimaten. De mikroskopyske wjirmkes binne taai en kinne oerlibje yn boaiemdieltsjes, dy’t oer de wrâld ferfierd wurde mei (boere)ark en yn streamend wetter.[2] Se binne benammen ferspraat troch ierdappels, dy’t út Súd-Amearika wei yn de rest fan de wrâld ymportearre waarden. Se kinne ek libje op oare gewaaksen, lykas de tomaat en aubersjine, en in protte túchsoarten, lykas hûnebei (Solanum nigrum).[2]

De jonge nematoaden aardzje op de woartels fan de plant. Aaien ûntwikkelje har yn de wyfkes nei befruchting, en as de wyfkes stjerre wurde it systes dy’t de ripe aaien beskermje.[2] De aaien yn de systes kinne wol 30 jier libbensfetber bliuwe.[5] De systes komme los fan de woartels en sakje yn de grûn dêr’t se ferspraat wurde kinne troch boaiemaktiviteiten. In oantaaste plant wurdt gielich, ferwylget en ferliest it blêd.[4]

Dizze nematoade is in slim ferfelende agraryske pest, benammen yn Jeropa. Allinnich al yn it Feriene Keninkryk feroarsaket it ekonomyske ferliezen fan £50 jiers.[2] Der binne regels opsteld foar de bêste wize fan buorkjen om de wjirm te bestriden. De beweging fan boaiemdieltsjes en ierdappels oer nasjonale grinzen hinne wurdt kontrolearre mei karentênes. Boere-ark wurdt himmele, grûn wurdt test op nematoaden, fersmoarge grûn mei net oer it lân brocht wurde, en resistinte kultivars fan gewaaksen wurde ôfwiksele mei gefoelige rassen om de mooglikheid op te kearen dat in mear firulint wjirmke ûntstean sil troch seleksje.[2]

Dit wjirmke wurdt hjoeddedei sawat wrâldwiid oantroffen, mar bliuwt foar it grutste part yn de Feriene Steaten troch strange karentênes. In útsûndering isin útbraak yn Idaho yn 2006.[2] Nei ûntdekking fan dizze útbraak, ferbea Japan de ymport fan ierdappels út de Feriene Steaten foar meardere jierren.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cotton, J. A., et al. (2014). The genome and life-stage specific transcriptomes of Globodera pallida elucidate key aspects of plant parasitism by a cyst nematode. Genome Biology 15 R43.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 2,7 Globodera pallida. Invasive Species Compendium. CABI.
  3. Globodera pallida. nematode.net. Washington University in St. Louis.
  4. 4,0 4,1 Pale Cyst Nematode, Globodera pallida. Invasive Species Factsheets, Michigan State University.
  5. 5,0 5,1 5,2 5,3 Globodera pallida. Nemaplex. UC Davis. Revised 2013.