Glinstrastate

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Glinstrastate
Oranjery Glinstrastate

Glinstrastate is in state oan de Skoalstrjitte fan Burgum. De namme komt fan de eardere grytmannefamylje. It gebou, earst Philaleatheia neamd, is yn 1855 boud troch in lid fan de yn de 19e iu tige ynfloedrike famylje Ferf.

Famylje Ferf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1806 kaam dûmny Horatius Nieuwbuur Ferf (Ljouwert, 1776 ), nei Burgum en hat dêr mear as 40 jier dûmny west. Hy wie ek skoalopsjenner en hat in grutte rol spile. In soan, mr. Adrianus Eldering Ferf, griffier by it kantongerjocht yn Burgum hat Glinstrastate sette litten yn 1855. Dy mr. Ferf krige skeel mei tsjerkefâd S. Haisma oer de oankeap fan grêven en it rûn sa heech op dat mr. Ferf op eigen grûn in grêfkelder bouwe liet. De beplanting dêrfan waard in "bril op 'e noas" foar boer Haisma, dy't der efter wenne op in pleats út 1736, dy't der yn 2009 noch is (Molewei 1). Yn de kelder steane 9 kisten mei op ien nei allegear Ferfen. Glinstrastate is no Ferieningsgebou Herfoarme Sintrum.