Giorgio Morandi

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Giorgio Morandi
Art-1300258.svg keunstner
Giorgio Morandi
Giorgio Morandi
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of Italy.svg Italjaansk
berne 20 july 1890
berteplak Bologna
stoarn 18 juny 1964 (73 jier)
stjerplak Bologna
wurkpaad
wurksum as Skilder, etser, tekener
streaming Metafysyske keunst, futurisme, modern realisme
Yn Morandis atelier, 1981
Moransis grêf yn Bologna

Giorgio Morandi (Bologna, 20 july 1890 - dêre, 18 juny 1964) wie in Italjaansk skilder, tekener en etser. Hy wie spesjalisearre yn stillibbens. Yn 1957 wûn er de Grutte Priis op de Biënnale fan São Paulo.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Giorgio Morandi waard berne yn in lytsboargerlike famylje yn Bologna. Syn heit Andrea Morandi wie keapman en fan 1906 ôf wurke Morandi by him yn de saak. Mei stipe fan heit Morandi koe er fan 1908 oant 1913 in oplieding folgje oan de Accademia di Belle Arti e Liceo Artistico, de keunstakademy yn Bologna. Morandi syn subtile styl wurdt foaral fûn yn de stillibbens fan krûken, fazen en flessen mei gebrûk fan in beheind tal kleur. Hy krige de bynamme 'flesseskilder'. Syn styl is gau werom te kennen, mei omdat er him frijwat ûnôfhinklik ûntwikkele hat. Dy wurken binne teffens syn meast bekende wurden. Dêrneist skildere er ek in protte lânskippen en blommen, mar bûten Italië is dat wurk net sa bekend. Neist skilder wie die tusken 1930 en 1954 perfester oan de Accademia di Belle Arti.

Troch syn ûnôfhinklikheid wiene syn oergongen fan de iene nei de oare styl frijwat rûch. Yn 1914 is der dúdlik sprake fan it futurisme yn syn wurk. Fan 1915 ôf, doe't er ek in skoftke yn it Italiaanske leger tsjinne (en mei in senuwynsinking ûntslein waard), binne de stilen fan Paul Cézanne en Henri Rousseau dudlik te sjen yn syn wurken. Tusken 1918 en 1922 set syn wurk ta nei de keunstrjochting pittura metafisica, dy't it tsjinoerstelde wie fan it eardere Futurisme. Hoewol't dy keunstbeweging yn begjin fan 1921 in sêfte dea naam hie, bleau Morandi dy styl wat langer oanhâlden. Dêrnei foarme er dy styl om nei it subtile skilderwurk en foaral ek it etswurk. Hy liet him dêrby ynspirearje troch ûnder oaren Rembrandt en yn 2006 waard yn it Morandi-museum yn Bologna in tentoanstelling oan de relaasje tusken de twa keunstners wijd, mei de titel Rembrandt and Morandi. The changing dances of engraved signs. Morandi hie fiif etsen fan Rembrandt yn syn besit.

It is foaral bûten Italië dat er dan bekend is en priizge wurdt. It museum yn syn berteplak Bologna toant ek in rekonstruksje fan syn atelier. Dat atelier, oan de Via Fondazza yn Bologna, lei oan in grut binnenhôf. Fan 1955 ôf oan makke Morandi teminsten tsien skilderijen fan dat binnenhôf, hieltyd mei lytse fariaasjes. Dy fariaasjes op in tema binne in skaaimerk fan it wurk fan Morandi.

Morandi wie sawol yn syn persoanlike as iepenbiere libben in rêstich en foarkommend man dy't yn Bologna wurdearre waard om syn optimistyske karakter. De frijfeint Morandi wenne oan de Via Fondazza mei syn trije susters Anna, Dina en Maria Teresa. Hy stoar oan longkanker yn de âldens fan 73 jier.

Wurk yn iepenbiere kolleksjes yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders wurdt yn it ramt fan it projekt LF2018 fan 24 febrewaris oant en mei 10 july 2018 in tentoanstelling fan it wurk fan Morandi holden yn it Museum Belvedêre op It Hearrenfean.[2]

Prizen (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Objekten yn Museum Boijmans Van Beuningen
  2. Brugman, Gitte, Bologna is Morandi - Morandi is Bologna, yn: de Ljouwerter Krante, 23 febrewaris 2018, bylage Freed, s. 4.