Gilman (famylje)
De famylje Gilman wie in famylje fan oargelbouwers dy't yn Kornelimünster (by Aken) festige wie en wierskynlik fan oarsprong fan Luik kaam. De famyljeleden makken tal fan tsjerkoargels yn fral Nederlânsk Limburch, it Rynlân en België.
De âlde NH-tsjerke fan Peazens hat sûn 1908 in oargel fan J.T. Gilman, oerbrocht út de Laurentiustsjerke fan Haarlim.
Twa telgen út de famylje binne hjir fan belang:
Laurent Gilman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Laurent Gilman (? - 1740) wie in learling fan Jacob Brammerts en boaske as widner yn 1714 oan de dochter fan syn wurkjouwer, dat it wie syn twadde houlik. Hy arbeide op mei Brammerts en krige letter de lieding fan it atelier. Se krigen 13 bern, ûnder oaren Johann Theodor Gilman en Antonius Adam Wilhelm Gilman, dy't beide ek ferneamde oargelmakkers wurde soene.
Johann Theodor en Antonius Gilman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johann Theodor Gilman (1714-1790) en Antonius Gilman wiene oargelbouwers út Kornelimünster en soannen fan Laurent.