Gijs de Lange
Gijs de Lange | ||
akteur | ||
Gijs de Lange (2020) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gijs de Lange | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 novimber 1956 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 25 maaie 2022 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1984-2022 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Gijs de Lange (Rotterdam, 3 novimber 1956 - Amsterdam, 25 maaie 2022) wie in Nederlânsk akteur en toanielregisseur.
Nei't de Lange yn 1975 it gymnasium ôfrûne hie, folge er fjouwer jier de Toanielskoalle yn Maastricht. De Lange wie sûnt 1987 ferbûn oan de Toneelgroep Amsterdam. Sûnt 2001 wie er wurksum as freelance regisseur by ûnder oaren Het Nationale Toneel, Het Toneel Speelt, De Appel en Toneelschap Beumer en Drost. Hy wurke as regisseur by muzykteaterproduksjes fan Orkater. Foar it Holland Festival regissearre hy ferskate opera's lykas foar de Nationale Reisopera. De Lange wie ek geregeld wurksum as dosint by de Toanielakademy yn Maastricht en de Amsterdamske Toanielskoalle & Kleinkunstacademie.
By it telefyzjepublyk waard De Lange benammen bekend as de smoarge kok Alberdink Thijm yn it berneprogramma Het Klokhuis. Yn 2007 spruts De Lange de stim yn fan Skinner yn de film Ratatouille. Hy spile ferskate rollen yn tv-searjes.
De Lange wie fan 2009 oant 2015 boaske mei de Kanadeeske sopraan Barbara Hannigan. De Lange ferstoar op 25 maaie 2022 nei in koart sykbêd yn Amsterdam.