Springe nei ynhâld

Gielsnaffeltsjilling

Ut Wikipedy
gielsnaffeltsjilling
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas flavirostris
Vieillot, 1816
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De gielsnaffeltsjilling (Anas flavirostris) is in fûgel út 'e famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soart is foar it earst publisearre yn 1816 troch Vieillot.

Oarspronklik foarme de soart mei de Andestsjilling (Anas andium) ien skaai Anas flavirostris, mar hjoed-de-dei is de Anas flavirostris yn twa aparte soarten opdield.

De ein hat in giele snaffel mei in swart punt en in swarte streek boppe de snaffel. De soarte liket op de gruttere Súdamerikaanske pylksturt mar hat in donkerder kopke, in koartere nekke en griiseftige flanken.

A. f. oxyptera yn Perû.
A. f. flavirostris yn Sily.

De gielsnaffeltsjillings komme foar yn Argentynje, de Falklâneilannen, Sily, Perû, Bolivia, Oerûguay en Brazylje. Sûnt 1971 briedt de fûgel ek op Súd-Georgje.

De soarte bestiet út twa ûndersoarten:

  • A. f. oxyptera (Meyen, 1834): fan noardlik Perû oant noardlik Sily en Argentynje.
  • A. f. flavirostris (Vieillot, 1816): it suden fan Súd-Amearika oant súd Brazylje en noardlik Argentynje, de Falklâneilannen]] en Súd-Georgia.

De fûgels libje yn swietwettersompen.

De gielsnaffeltsjilling wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. It is net bekend hoe grut de populaasje is en alhoewol't oannommen wurdt dat it oantal fûgels ôfnimt, hat de gielsnaffeltsjilling noch in grut ferspriedingsgebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: