Gielhalsibis
gielhalsibis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Theristicus caudatus | ||||||||||||
Boddaert, 1783 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielhalsibis (Theristicus caudatus) is in fûgelsoarte út it skaai Súdamerikaanske ibissen (Theristicus) út de famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kop en hals fan 'e 71 oant 76 sm grutte gielhalsibis binne brúneftich, de krún is donkerder en de hals is ljochter. De wjukken binne griis mei in wyt fjild oan 'e foarkant fan 'e wjuk. De nei ûnder ta kromme snaffel is donkergriis en de poaten binne read. Efter de snaffel en om it each is it gesicht swart.
Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin grutte ferskillen.
De ûndersoarte hyperorius hat in blekere hals en minder wyt oan 'e wjukken.De gielhalsibis hat wat de kleuren oanbelanget in soad fan 'e swartmaskeribis, mar de hals is ljochter en opfallend is it wyt op 'e wjukken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielhalsibis komt yn ferskillende gebieten yn it noarden fan Súd-Amearika fan Kolombia en Fenezuëla oant de Guyana's foar. Súdliker leit in grut ferspriedingsgebiet oer Brazylje oant Mato Grosso en it noarden fan Argentynje en Oerûguay. De fûgels hawwe in foarkar foar iepen lânskip, lykas savannes en gerslân en de iggen fan rivieren en marren en sompen. Se komme lykwols ek op gruttere ôfstannen fan wettergebieten foar, lykas op ferbaarnd lân.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- Th. c. caudatus (Boddaert, 1783)
- Th. c. hyperorius (Todd, 1948)
De nominaatfoarm libbet yn noard- en sintraal Súd-Amearika yn Kolombia, Fenezuëla, Guyana en Brazylje. De ûndersoarte hyperorius wurdt yn it suden fan Brazylje, eastlike en noardlike Bolivia, Paraguay, Oerûguay en noardlik Argentynje oantroffen.
Iten en nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan 'e soarte bestiet út wjirms, mossels, skaaldieren, reptilen, grutte ynsekten, slakken, kikkerts en lytse sûchdierkes. De gielhalsibis briedt yn beammen of op rotsen, meastentiids yn losse koloanjes. It lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige. De wrâldpopulaasjes wurdt op 25.000 oant 100.000 fûgels rûsd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Plumbeous ibis (ferzje 12 juny 2024)
|