Springe nei ynhâld

Giele bjirketuolle

Ut Wikipedy
Giele bjirketuolle
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift tuolle-eftigen (Russulales)
famylje tuollen (Russulaceae)
skaai echte tuollen (Russula)
soarte
Russula claroflava
(Grove) (1888)

De giele bjirketuolle (Russula claroflava) is in poddestoel út de famylje Russulaceae.

Giele bjirketuollen yn ferskillende stadia.

De giele bjirketuolle hat in giele hoed mei in diameter fan 4-12 sm. De hoed is yn jonge foarm heal bolfoarmich, dy't by it âlder wurden flak wurdt mei yn 'e midden in dûkje. De bûtenrâne fan 'e hoed hat groeven. De hoed is wat plakkerich en dêrom bliuwt smoargens of blêd faak oan 'e hoed kleven. De wyteftige plaatsjes wurde letter okerkleurich. De spoaren binne ljocht okerkleurich.

De soarte hat in 1 oant 2 sm dikke wite stâl, dy't 4 oant 10 sm heech is.

By it âlder wurden feroarje de stâl en plaatsjes yn in grizige oant swarteftige kleur.

Giele bjirketuollen lykje op 'e gielwite tuolle en de sinnetuolle.

De poddestoel komt fan Noard-Amearika oant Europa en in grut part fan Aazje foar. Se groeie yn wiete bosken mei bjirken of op 'e heide op sângrûn tusken feanmoask. Giele bjirketuollen komme fan 'e simmer oant yn 'e hjerst algemien yn Nederlân foar.

De giele bjirketuolle is ytber en hat in mylde smaak.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: