Getto fan Vitebsk
It Getto fan Vitebsk wie yn de Twadde Wrâldkriich in getto yn de stêd Vitebsk yn it hjoeddeiske Wyt-Ruslân. It waard koart nei de Dútske ynfal yn de Sovjet-Uny ynsteld fuort nei't de nazy's de stêd op 11 july 1941 beset hiene.
Yn it getto libben likernôch 16.000 joaden. Al yn oktober 1941 stelde de nazylieding fêst dat de minne omstannichheden yn it getto in gefaar foar de sûnens foar de lokale befolking foarmen en yn it getto in epidemy ûntstie. It wie it ferlechje om de joaden te deportearjen en ôf te slachtsjen.
Noch gjin trije moannen letter, op 8 oktober 1941, begûnen de nazy's de joaden fan it getto te fermoardzjen. De slachting einige op 11 oktober, doe't hast ynwenners fan it getto útrûge wiene. Boarnen ferskille oer it krekte tal slachtoffers. In soad omskotten fan de fermoarde joaden waarden yn de rivier de Vitba smiten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Getto fan Vitebsk fan Wikimedia Commons. |