Gerrit Vredeman
Appearance
Gerrit Vredeman (Ljouwert, 1590/1591 - dêre, 16??) wie in glêsskriuwer.
Hy wie de soan fan Jaques Vredeman en Maycke Gerrits. Hy wie master glêzemakker en glêsskriuwer. Yn it freone-album fan Wybrand de Geest ûndertekenet er mei ‘Gerart Vredaman Frison vitterier’. Yn 1617 boaske er Geeske Arendsdr. It Frysk Museum hat ferskate brânskildere wapens út ± 1620. Dy binne lykwols net sinjearre, sadat it wurk net sûnder mis oan Gerrit Vredeman taskreaun wurde kin. Sa't bliken docht út in proses oer de betelling, dat dêr yn 1623 oer fierd waard, waard him opdroegen de nammen fan de leden fan it Collegium Musicorum fan Ljouwert yn glês te skriuwen; dy beide glêzen binne ferlern gien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|