Gerrit Nijk
Appearance
Gerrit Nijk (Steggerda, 27 novimber 1903-14 oktober 1987[1]) wie in Nederlânsk notaris en yn de Twadde Wrâldoarloch út namme fan de NSB waarnimmend boargemaster fan Hengelo.
Ear't Nijk waarnimmend boargemaster waard wie er notaris te Olst.[2] Nei't er yn 1941 lid fan de NSB wurden wie ferfong er per 1 desimber 1942 Mello Sichterman, dy't boargemaster fan Almelo wie en waarnaam yn Hengelo. Nijk waard op 22 juny 1943 opfolge troch Johannes Best, wêrnei't er weromgie nei Olst.
Yn septimber 1946 waard G. Nijk op grûn fan it Suveringsbeslút út it amt fan notaris ûntslein.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|