Gerrit Hiemstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gerrit Hiemstra

Yngenieur Gerrit Hiemstra (Drachten, 19 augustus 1961) is in Nederlânske meteorolooch.

Sûnt 1999 presentearret Hiemstra it waar by it NOS-Journaal. Yn 2001 rjochte hy it waarburo WeerOnline út Velp op dêr’t hy direkteur fan is.

Hiemstra wurket nei syn stúdzje oan de Lânbouuniversiteit Wageningen yn 1986 yn de meteorology. Nei syn stúdzje begûn hy yn 1986 as meteorolooch by Meteo Consult. Yn 1995 waard hy haad fan de operasjonele meteorologyske tsjinst fan it KNMI op Schiphol. Yn 1996 is hy by DLV Advysgroep yn Wageningen begûn mei de ûntwikkeling fan meteorologyske advys- en consultancy-aktiviteiten foar de griene sektor ûnder de namme DLV Meteo. Ein 2001 binne dizze aktiviteiten fuortset yn de nije ûndernimming WeerOnline. Neist de waarpresintaasjes by it NOS Journaal wurket Gerrit Hiemstra as meteorologysk consultant mei oan ferskate meteorologyske projekten en is hy ferantwurdlik foar de meteorologyske opliedingen dy't troch WeerOnline jûn wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]