Springe nei ynhâld

Gerrit Elzinga

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gerrit Elsinga)

Gerrit Elzinga (Amsterdam, 10 juny 1923 - Goutum, 8 maaie 2017)[1] wie in archeolooch en konservator. Elzinga wie fan 1959 oant 1988 provinsjaal archeolooch foar Fryslân.

Elzinga folge in oplieding yn túnarsjitektuer yn Boskoop en planteferedeling yn Wageningen. Yn 1950 waard er konservator foar de Gelderske Archeologyske Stichting en it Gemeentemuseum fan Arnhim [2].

Sûnt 1959 wied er meiwurker oan it Biologysk-Archeologysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins en it Frysk Museum, mei as stânplak Ljouwert. Letter waard er archeolooch oan beide ynstellingen en konservator fan de archeologyske en numismatyske (Frysk Munt- en Penjekabinet) ôfdielingen fan it Frysk Museum.

Yn 1988 gie er mei pinsjoen. Hy wie Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stjerberjocht fan Gerrit Elzinga
  2. It lettere Museum foar Moderne Keunst Arnhim