Geringastate
Appearance
De Geringastate wie in state noardlik fan Britsum, gemeente Ljouwerteradiel (Noard). Fan de state is neat werom te finen, likemin binne der ôfbylden fan.
It boujier is net bekend. De state stie noardwest fan de tsjerke, stiif njonken Jornsmastate wêrtroch't beide ek wol “de twilling states” neamd waarden. Dy sterke bining blykt ek út it feit dat beide states faak tegearre yn it besit fan deselde eigener wiene. Geringa hat wat grutte en status oanbelanget altiten yn it skaad stien fan Jornsma en der wurdt sels oan twifele oft Geringa werklik in state west hat of altiten in pleats bleaun is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|