Springe nei ynhâld

Gerben Jelles Nauta

Ut Wikipedy
Paniel mei de opstanning fan Kristus op de preekstoel fan de tsjerke yn Longerhou, om 1757

Gerben Jelles Nauta (Wâldsein, 1694 - Snits, 1757) wie in Fryske houtfiker en byldhouwer.

Nauta wie master stien- en byldhouwer yn Snits en waard bekend troch de rynsk fersierde preekstoel fan De Lemmer, dy ’t hy yn 1744-1745 makke. Hy boaske yn 1743 op 49-jierrige leeftyd yn Snits mei Trijntje Clases Oldendorp, dochter fan in Snitser seemleartouwer. Ut dit houlik binne gjin bern bekend.

Yn, nei alle gedachten, 1757 is Nauta yn Snits ferstoarn, syn wurkplak waard oernomd troch de ferneamde byldhouwer Jan fan Nijs.

Ek it yn rokoko útfierde sânstiennen bordes fan it Stedhûs fan Snits is fan syn hân.

Koartlyn waard bekend dat ek de prachtige panielen fan de preekstoel fan de tsjerke fan Longerhou troch him makke binne.[1] Yn 1752 levere hy in wapenpaniel foar de preekstoel fan Aldegea yn de gemeente Súdwest-Fryslân

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. bled Alde Fryske Tsjerken, juny 2018