Springe nei ynhâld

Gerard Wigmana

Ut Wikipedy
Gerard Wigmana, gravuere fan Bernard Picart yn 1727, neffens in selsportret út 1722
Sliepende Fenus

Gerard Wigmana, berne as Gatze Wigmana, (Warkum, 27 septimber 1673 - Amsterdam, 27 maaie 1741), wie in Frysk keunstskilder. Yn 1699 besocht er Parys en Rome. Hy waard wol de 'Fryske Rafael' neamd. Hy wie learmaster fan de dochters fan prinsesse Henriëtte Amalia fan Anhalt (1702).

Boargemaster Saco fan Aitzema fan Dokkum en de frou biede Tsaar Peter de Grutte in miel oan yn Amsterdam, 1697

Yn 1697 skildere er in apart groepsportret fan in húshâlding oan it iten, mei de titel 'Boargemaster Saco fan Aitzema fan Dokkum en de frou biede Tsaar Peter de Grutte in miel oan yn Amsterdam'.[1] Dêrnei reizge er nei Rome, neffens Houbraken omdat Wigmana de skilder Daniel Seiter yn Rome moete hie yn 1699.[2] Houbraken neamt him wer yn syn biografyske skets fan Pieter van Mierevelt, meidat Wigmana ien fan dy syn skilderijen besiet. Houbraken wie fan doel om ek in biografyske skets fan Wigmana te skriuwen (as er mei De groote schouburgh oan bertejier 1673 ta wie), mar hy stoar al foar de publikaasje fan Diel III, dy't einige mei it jier 1659. Neffens de RKD wie er in learling fan Jelle Sibrands en krige er yn Rome de bynamme Friese Raphael.[3] Johan van Gool neamt Wigmana in narcissus yn syn biografyske skets fan him. Neffens Van Gool wie Wigmana yn 1700 yn Rome, mar krige er syn bynamme net as lid fan de Bentvueghels, mar faaks omdat er sa'n protte wurk fan Rafael neiskildere.[4] Wigmana skreau in boek oer skilderkeunst dat nei syn dea yn 1742 útjûn waard, it boek jout ek syn autobiografy mei in gravuere troch Bernard Picart neffens in selsportret.

Wurk fan him is ûnder mear te sjen yn it Frysk Museum en yn it stedhûs fan Ljouwert.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dokkum blog
  2. Daniel Syder biography in De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718) by Arnold Houbraken, Digital library for Dutch literature
  3. Gerard Wigmana by de RKD
  4. Gerard Wigmana Biography, page 278 yn Nieuwe Schouburg, (1750) by Jan van Gool, 'Inghist.nl'
  • Gerard Wigmana op Artnet
  • Korte schets of denkbeeld, om tot een groote volmaaktheid in de schilderkonst te geraken, opgeteld door Gerardus Wigmana, in zijn leven berucht schilder, uit zijn eigen handschrift te zamen gesteld, by Gerardus Wigmana, Amsterdam, 1742
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Wigmana, Gerard.