Springe nei ynhâld

Gerard Gratama

Ut Wikipedy
Gerard Gratama
keunstner
Gerrit Gratama (1964)
Gerrit Gratama (1964)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 maart 1874
berteplak Grins
stoarn 20 augustus 1965
stjerplak Haarlim
wurkpaad
wurksum as Skilder, keunstkritikus, museumdirekteur
offisjele webside
RKD-profyl

Gerrit (Gerard) David Gratama (Grins, 22 maart 1874Haarlim, 20 augustus 1965) wie in Nederlânske skilder fan portretten, figueren en stillibbens, en keunstkritikus.

Fan 1912 oant 1941 wie Gratama direkteur fan it Frans Hals Museum yn Haarlim. Hy wie ûnder oare lid fan Pulchri yn De Haach en Arti yn Amsterdam. Hy wie in freon fan Carel de Nerée tot Babberich, waans portret er skilderde.

Hy waard berne yn Grins en wie de broer fan de arsjitekt Jan Gratama en de skilderes Lina Gratama (1875-1946 ). Hy studearre oan de Haachske keunstakademy fan 1892 oant 1895 en studearre dêrnei fierder fan 1895-1897 oan de Keninklike keunstakademy yn Antwerpen. Dêr wied er learling fan Albrecht De Vriendt en Henri Heymans en goefreon fan Hendrik van Borssum Buisman, Simon Maris, Toon Dupuis, Isidoor Opsomer, Walter Vaes en H.J. Wouter.

Yn 1912 waard er beneamd ta direkteur fan it Frans Hals Museum, wat betsjutte dat er taseach op de folsleine renovaasje fan it eardere Oude Mannenhuis en de ferhuzing fan de kolleksje út de boppeste ferdjippingen fan it stedhûs. Ta syn taken hearden ûnder mear it organisearjen fan útstallingen en it by de tiid hâlden fan de museumkatalogus. By gelegenheid fan syn 25 - jierrich jubileum as direkteur organisearre er in Frânsk Hals-monografytentoanstelling ta gelegenheid fan it 75 - jierrich bestean fan it Haarlimsk gemeentemuseum en skreau er yn 1937 tegearre mei J.L.A.A.M. van Rijckevoorsel de Frans Halstentoanstellingskatalogus.

Gratama syn wurk waaard ek opnommen yn de tentoanstelling (mei ferkeap) Onze Kunst van Heden yn 1939 yn it Ryksmuseum Amsterdam.

Hy waard net allinnich oannommen as konservator en direkteur, mar wie ek artist-in-residence yn it museum en hie dêr in atelier. Hy gie yn 1940 offisjeel mei pinsjoen, mar waard frege om yn de oarloch oan te bliuwen en tafersjoch te hâlden op de opslach fan de kolleksjehichtepunten yn de dunen. Yn 1946 gie er nei 33 jier yndied mei pensjoen, mar hy bleau oant heech op jierren skilder. Hy waard as direkteur fan it museum opfolge troch Henricus Petrus Baard.

Hy ferstoar yn Haarlim yn de âldens fan 89 jier.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frans Hals Exhibition catalog, 1937 fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: