Springe nei ynhâld

Georgiuskleaster (Wadi Qelt)

Ut Wikipedy
Sint-Georgiuskleaster

دير القديس جورج

bouwurk
lokaasje
lân Palestina
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1870-1901

It Sint-Georgiuskleaster is in Gryksk-otterdoksk kleaster heech yn 'e rots yn de delte Wadi Qelt tusken Jeruzalim en Jericho yn it Westlike Jordaangebiet. It kleaster wie oarspronklik wijd oan de Mem Gods, mar draacht hjoed-de-dei de namme fan de ferneamste muonts dy't der wenne hat: Georgius fan Choziba. De delte rint parallel mei de âlde romeinske wei fan Jeruzalim nei Jericho, it dekor foar de likenis fan de bermhertige Samaritaan (Lukas 10:29-37). In protte minsken leauwe dat de smelle djippe kleau de 'delling fol djippe skaden' út Psalm 23 is.

De skiednis fan it kleaster giet werom op de 5e iuw, mar nei't de muontsen yn de 7e iuw útmoarde waarden duorre it oant de 19e iuw ear't de muontsen werom kamen. It kleaster is allinne oer in smel paad te berikken, dy't oer de wady rint. It kleaster is foar pylgers en toeristen iepensteld.

Grotkapel mei û.o. fresko fan Elia dy't fan de raven te iten kriget

Om it jier 450 begûn it kleasterlibben fan it doe lettere Georgiuskleaster as in lavra. In pear muontsen sochten de ôfsûndering yn de woastyn en setten harren nei wenjen by in grot, dy't se taskreaune oan de grot dêr't de profeet Elia fan de raven iten krige (1 Keningen 17:5-6). De heremiten dy't apart fan inoar yn grotten wennen kamen allinne by inoar foar it miel en it fieren fan de tsjinst. Der binne (benammen oan de noardlike wand fan de kleau) noch tsientallen lege grotten te sjen dêr't de muontsen wenne ha.

Tusken 480 en 520 waard it lavra troch Jehannes fan Thebe herfoarme as in kleaster. Jehannes fan Thebe, hillich ferklearre as Sint-Jehannes fan Choziba, wie fanút Egypte nei Palestina ferhûze. It kleaster wie yn dy tiid opdroegen oan de Mem Gods. Yn dy tiid hie it kleaster in oan Stefanus wijde kapel en in oan de Mem Gods wijde kleastertsjerke.

Nei't de Perzen de kleastermienskip yn 614 útmoarde wie it iuwenlang dien mei it kleaster. Fan de martlers binne oant hjoed-de-dei de bonken en skedels bewarre bleaun.

In weropbou fan it kleaster fûn plak yn 'e tiid fan de krúsfarders yn 1179 yn opdracht fan kening Manuel I Komnenus, mar nei't de krúsfarders ferslein waarden kaam it kleaster op 'e nij leech te stean.

Yn 1878 sette de Grykske muonts Kalinikos him op it plak nei wenjen en stifte der op 'e nij in kleastermienskip. De weropbou fan it kleaster waard yn 1901 foltôge. De klokketoer waard yn 1952 tafoege.

It kleaster hat twa tsjerken: in oan de Hillige Jongfaam wijde tsjerke en in tsjerke dy't wijd is oan Sint-Jehannes en Sint-Georgius. De keninklike doarren fan de relatyf nije ikonostase fan de Marijetsjerke binne 12e-iuwsk. Yn de Jehannes- en Georgiustsjerke leit in 6e iuwske byzantynske mozaykflier. Yn in relikwarium wurde de skedels fan de yn 614 fermoarde muontsen bewarre. Yn in glêzen kiste leit it net oantaaste oerskot fan in Roemeenske muonts, dy't by it kleaster yn in lytse grot wenne en yn 1960 ferstoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: