George Slenitz
George Slenitz, ek George Slenits of George Schlen(i)tz (Thomas?) ( Keulen? - by Hemmingstedt, 7 febrewaris 1500 ) wie in lieder fan de lânsfeinten.
Waard meastal koartwei Slenz, Slanz, of jonker Slenz neamd. Worp fan Thabor en oaren neamden him een quaedt Kersten en hy soe er gjin Keulener mar in Bohemer wêze. Al gau (1492) wie er yn tsjinst fan hartoch Albrecht fan Saksen en stried yn dy syn Nederlânske oarloggen as haad fan de Saksyske garde, û.o. yn Gelre. Nei it bestân fan 1495 waard hy dêrút ferdreaun troch Karel fan Egmond en luts de wylde bende, rôvjend, moardzjend en sykte ferspriedend nei Fryslân. Hjir hat Slenitz net altiten deselde hear tsjinne likemin as yn Gelre, dêr't er de iene kear ris tsjin de Egmonder, dan wer foar him tsjin Gulik en Kleef fochten hat.
Yn de tiid dat Slenitz yn it Noarden kaam (1495), wienen hjir ek oanfierders as Fox, Metsch en Grombach oan it wurk. Mei harren makke er út Snits de mislearre tocht oer Ealsum tsjin de Wâldsjers. Hy die ek oan in tal lytse gefjochten mei, mar yn 1497 wie er meast yn de buert fan kening Johan fan Denemark, dy't doe Sten Sture yn Sweden bestried.
Earder, mar ek letter makke ek greve Edzard I gebrûk fan syn tsjinsten; men moast de winter fan 1498-1499 yn Eastfryslân yn de Grinslanner oarloch net spile, dêr't syn troep benammen laat waard troch Ulrik fan Dornum, dy't hast de hiele garde yn tsjinst hie. Méi har, dy 'swarte heap’ oarst bûten him ek oanfierd troch George Kobler, hat er lykwols syn lêste striid striden by Hemmingstedt. Dêr binne se allegear, yn Deenske tsjinst, hast sûnder útsûndering, troch de Ditmarsken ynmakke.
De 'oerste kapitein' wurdt ús beskreaun as ien dy't, lykas Nittert Foks, fan tige grut stal en kêft west hawwe moat; in oefene en ûnferfeard kriichsman, dêrby lykwols pronkerich en frij as in echte lânsfeint út syn tiid. Dierber wied er by syn binde dy't letter fannijs ferskynd liket wêzen yn de Swarte Heap, ± 1516 oanfierd troch oaren as Siegmund fan Sichaw.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|