Georg Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1791-1868)
Appearance
Georg Frederik baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Bitgum, 1 oktober 1791 - dêre, 17 desimber 1868) wie grytman fan Menameradiel.
Georg Frederik wie de âldste soan fan Georg Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1766-1808) en Sophia Elisabeth grevinne D'Aumale (1735-1807). Hy kaam út it laach Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg en troude yn 1812 mei baronesse Henriëtta Wilhelmina Rengers en krige Grut Terherne yn besit. Ut it houlik kamen acht bern.
George Frederik waard yn 1814 maire, dêrnei yn 1816 grytman en sûnt 1851 oant 1858 boargemaster fan Menameradiel. Tagelyk wie hy Steatelid en ôffurdige fan it Ridderskip en keamerhear fan de Kening yn bûtengewoane tsjinst. [1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |