Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk
Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | GBF | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | Frjentsjerter dialekt fan it Stedsk | |
fêstige yn | Frjentsjer (Fryslân) | |
oprjochte | 2014 | |
offisjele webside | ||
www.genoaten.fr |
It Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk (Frjentsjertersk en offisjeel: Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers) is in Fryske feriening dy't yn 2014 oprjochte is troch in stikmannich Frjentsjerters en âld-Frjentsjerters mei grutte belangstelling foar (en soarch om) it Frjentsjerter stedsdialekt. Dizze organisaasje set him yn foar it gebrûk fan it Frjentsjertersk yn 'e breedste sin fan it wurd. It Genoatskip is in besletten feriening; men kin lid wurde op fersyk fan immen dy't al lid is, mar men kin jin ek oanmelde fia de webside fan 'e feriening. (By wize fan priuwke is dit artikel ek yn it Frjentsjertersk te lêzen.)
Doelstellings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De leden fan it Genoatskip besykje it Frjentsjerter dialekt sa folle mooglik te promoatsjen troch it te praten en te skriuwen. Se erkenne dat it Frjentsjertersk op ferskate manearen útsprutsen en skreaun wurde kin. It stribjen is om, rekken hâldend mei dy ferskillen, it Frjentsjertersk sa fêst te lizzen yn in Franeker Woardeboek en de Taalgids foar ut Franekers, dat dy hâldfêst biede kinne oan dejingen dy't it dialekt prate en skriuwe. Dêrta stypje se it útjaan fan publikaasjes yn it Frjentsjertersk, en organisearje se ferskate aktiviteiten dêr't it Frjentsjertersk de haadrol by spilet.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Taalgids foar ut Franekers
- Dit is gjin learboek, mar earder in neislachwurkje. Men kin derút helje dêr't men ferlet fan tinkt te hawwen. Dêrby kin men it bêste fral ôfgean op 'e ynhâldsopjefte. It is yn it foarste plak net de bedoeling dat brûkers de hiele gids út 'e holle leare, mar mear dat men der op yntuïtive wize gebrûk fan makket. It boekwurkje is der benammen om ûnwissichheden wei te nimmen, mar it biedwurd fan it Genoatskip is: Franekers bruke komt earst, geef kin altyd nòg.
- Skandebankjes
- In bondel ferhaaltsjes dy't allegear te krijen hawwe mei Frjentsjer en it dwaan en litten fan stedsjers dy't omtrint 1800 libben. Dat dwaan en litten hat yn dizzen benammen te krijen mei de skaadkanten fan it libben. Men komt dêr yn kontakt mei in oar Frjentsjer en fral ek mei in oar slach Frjentsjerters as yn 'e skiednisboeken fan Hallema en Algra beskreaun is. Gauris binne it lju dy't by har berte in ferkeard lotsje lutsen hawwe en sadwaande oan 'e ûnderkant fan 'e maatskippij besykje te oerlibjen. Mar skyn bedraacht, want ek boppe yn 'e beam hingje rotte apels!
- De ferhalen binne allegear wier bard. Se binne basearre op boarnen dy't bewarre bleaun binne yn 'e argiven fan it Nedergerjocht, it Hof fan Fryslân, de arrondissemintsrjochtsbank en de Universiteit fan Frjentsjer, en dy't no op 'e noed binne by Tresoar, yn Ljouwert. In bysûndere boarne, dy't yn in protte ferhalen in humoristyske rol spilet, is it bynammeboekje De Keutelstoker. Dy publikaasje, dy't basearre is op in hânskrift fan Paulus Scheltema, is yn 1977 útjûn troch Telenga's Drukkerij B.V. It omfiemet sawat 600 bynammen fan Frjentsjerters tusken rûchwei 1750 en 1825, en dat is krekt it tiidrek dêr't har de ferhalen út Skandebankjes yn ôfspylje.
- Franeker Woardeboek
- It wurdboek fan it Frjentsjertersk is in projekt fan jierren. Oant en mei 2017 wiene der goed 6.000 wurden ynfierd. It stribjen is in omfang fan 15.000 lemma's. It wurdboek sil úteinlik digitaal te rieplachtsjen wêze. Ek no al kin men, fia de webside fan it Genoatskip, meisjen nei de fuortgong fan it Franeker Woardeboek, en men kin sels al de al ynfierde wurden rieplachtsje. Mooglik ferskynt it wurdboek as it reekomt ek yn druk.
Hjoeddeistige projekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Franeker Woardeboek (sjoch by Publikaasjes)
- Bynammen
- Yn 2016 is it Genoatskip úteinset mei te freegjen nei bynammen foar karakteristike objekten yn Frjentsjer. De bedoeling is dat men dêr in echte Frjentsjerter bynamme foar betinkt. Dêrby sjocht men it leafst in bynamme mei spottende, iroanyske of synyske ûndertoan. Mar ek skattige poppenamkes kinne ynstjoerd wurde. Sa krige Renate, it houtene byld yn it Park as bynamme 'Houten Klaske'.
Fierders steane der noch in stikmannich projekten op steapel, lykas"
- it Groat Franeker Diktee
- Ferhalen en Gedichten
- de kursus Franeker Deur en Deur
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |