Geesje Kwak

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Geesje Kwak om 1894
Famke yn wite kimono, Geesje Kwak troch Breitner

Geesje Kwak (Saandam, 17 april 1877 - 1899) wie in model foar de skilder George Breitner

Kwak waard berne op de Westzijde 534 te Saandam. Se waard hoedeferkeapster en ferhúze yn de maitiid fan 1893 mei 16 jier mei har suster Anna nei Amsterdam. De beide susters krigen dêr kunde oan de keunstskilder Breitner. Dy wie krekt better fan in eachynfeksje, en hie in atelier oan de Lauriergreft 8. Breitner hie yn 1892 yn De Haach in útstalling fan Japanske printkeunst sjoen, en hie dêrnei ferskate Japanske kimono's en in pear keamerskermen oanskaft. Yn dizze entoeraazje liet er de susters yn 1893 posearje.

Geesje waard al rillegau syn wichtichste model. Breitner makke foto's en sketsen fan har wylst sy in syn atelier omrûn. Dat smiet in rige skilderijen fan Geesje yn kimono op, dêr't Famke yn reade kimono it bekendst fan wurden is. Yn it oeuvre fan Breitner hat dizze searje in apart plak, en yn't earstoan kaam him dat op krityk te stean.

Yn 1895 emigrearre Geesje mei ien fan har susters nei Súd-Afrika. Dêr stoar hja yn 1899, mar 22 jier âld, oan tuberkuloaze.

Op 28 oktober 2003 waard Famke yn reade kimono feild by Christie's. De Maastrichtske keunsthanneler Robert Noortman telde der 582.450 euro foar del.