Springe nei ynhâld

Gedo-Victoria

Ut Wikipedy

Gedo-Victoria is in histoarysk Nederlânsk merk fan bromfytsen.

Gedo-Victoria: Bruorren Geertsma, Dokkum.

De firma Gedo wie yn it earstoan fytsgruthannel, mar fan 1949 ôf makke er ek fytsen mei in Fiktoaria-sydboardmotor. Fan 1953 ôf waarden der bromfytsen makke, ek mei Fiktoaria-blokjes.

Oant 1953 makke er de frames sels, mar om ûntwikkelingskosten út te sparjen kocht er fan 1956 ôf frames yn Itaalje. Germaan hie lykwols deselde frames kocht en hong dêr Sachs-blokken yn. Dêrtroch waard de konkurrinsje wol hiel sterk en yn 1957 of 1958 binne de bruorren Geertsma opholden mei de produksje fan bromfytsen.