Gau-Algesheim
Appearance
Gau-Algesheim | ||
Marktplatz | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
ferbânsgemeente | Gau-Algesheim | |
Stedsyndieling | 2 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.935 (2022)[1] | |
Oerflak | 13,99 km² | |
Hichte | 121 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 55435 | |
Koördinaten | 49° 57' N 8° 1' E | |
Offisjele webside | ||
www.gau-algesheim.de | ||
Kaart | ||
Gau-Algesheim is in stêd yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is it haadplak fan 'e ferbânsgemeente mei deselde namme.
Gau-Algesheim bestiet út de twa stedsdielen Gau-Algesheim en it 4 km fierderop lizzende Laurenziberg.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gau-Algesheim leit sa'n trije kilometer fan 'e Ryn oan 'e râne fan 'e oan 'e rivier lizzende laachflakte op de terassen nei it Rynhessyske heuvellân. Oan 'e eastlike kant fan de stêd leit it yn 1980 ynrjochte natoergebiet Gau-Algesheimer Kopf. Troch de stêd streamt de Welzbach. Mainz, de haadstêd fan 'e dielsteat, leit likernôch 15 km eastlik fan Gau-Algesheim.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It riedshûs oan it Marktplatz is oarspronklik in goatysk bouwurk, dat letter yn barokke styl ferboud is.
- Oan en om it Marktplatz steane ferskillende barokke en klassisistyske monuminten
- De roomske Kosmas- en Damianustsjerke is in neogoatyske halletsjerke út de jierren 1887–1889 mei in 15e-iuwsk koer en in letgoatyske toer.
- De protestantske Gustav-Adolftsjerke oan 'e Schulstraße 3 is in neobarok gebou út de jierren 1926-1927.
- Yn it stedsdiel Laurenziberg stiet de katolike beafearttsjerke fan Sint-Laurentius út 1707.
- Fan 'e oarspronklike stedsmuorren is njonken wat resten de 14e-iuwske Graultoer oan 'e Flösserstraße bewarre bleaun.
- It Slot Ardeck is oarspronklik in yn 1112 troch de aartsbiskoppen fan Mainz stifte wetterkastiel, wêrfan't letgoatyske boudielen bewarre bleaun binne.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stadtmuseum.
- Rynhessyske Fytsmuseum.
- Betinkingsplak foar de Slachtoffers fan it Nasjonaalsosjalisme yn 'e Laurentiustsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|