Gaatske Wiersma

Ut Wikipedy
Gaatske Wiersma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gaatske Wiersma-Visser
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 maart 1954
berteplak Kollumersweach
stoarn 3 maart 2021
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt natoerbeskermster
reden
  bekendheid
Fûgelopfang Fûgelpits

Gaatske Wiersma-Visser (ek wol neamd: Fûgelmem; Kollumersweach, 23 maart 1954Ljouwert, 3 maart 2021), wie in Frysk natoerbeskermster dy't bekendheid krige trochdat hja de Fûgelpits yn Iezumasyl runde.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gaatske Wiersma har âlden rjochten ein jierren '70 de Fûgelpits yn Iezumasyl op. De leafde foar fûgels hat Gaatske fan hûs út meikrigen. Op 19 novimber 1978 kaam de earste hoarnûle binnen, en sa is it ferhaal begûn.

Bernetiid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de jeugd fan Gaatske Wiersma is net folle bekend. Gaatske Wiersma hie twa susters, Akke Bijma-Visser en Aukje Visser. De bern hienen fan hûs út al in soad dingen oer fûgels meikrigen.

Houlik en gesin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gaatske Wiersma troude Sape Willem Wiersma. Se hawwe 45 jier troud west. Sy krigen trije soannen, Jappie, Sikke en Eelke Jan.

Oare wichtige perioade út har libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch in iepen dei mei ferkeap fan twaddehâns guod besleat Gaatske om yn 2015 yn Dokkum in ynbringwinkel (kringloopwinkel) op te rjochtsjen. De opbringst gie nei de bisten.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gaatske Wiersma har âlden rjochten ein jierren '70 de Fûgelpits yn Iezumasyl op. Op 19 novimber 1978 kaam de earste hoarnûle binnen, en sa is it ferhaal begûn. De heit fan Gaatske ferstoar yn 1983 en Gaatske besleat mei de famylje it wurk troch te setten. De Fûgelpits krige it yn de jierren '80 drok doe 't in soad fûgels slachtoffer waarden fan de oaljerampen. Om de grutte stream fan de slachtoffers oan te kinnen, ferhuze de opfang yn 1989 nei Eanjum. Letter ferhuzen se nei Moddergat. De Fûgelpits krige yn de jierren '90 lanlik bekendheid troch de 'fûgelmasine', in apparaat dat de mei oalje besmarde fûgels wer skjin meitsje koe.

Lettere jierren en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gaatske Wiersma bleau altyd harsels. Ek doe 't se yn de jierren '90 sjoernalisten út Japan, Australy en Amearika ûntfong. Se bleau altyd de fûgelmem dy't alles foar de fûgels oer hoe. Se wie it boechbyld en it oansprekpunt fan de Fûgelpits. Gaatske Wiersma is op 3 maart 2021 yn Ljouwert ferstoarn neidat se al in skoft siik wie. Se is 66 jier wurden.

Neilittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurk op de Fûgelspits wurdt fuortset troch de famylje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: