Springe nei ynhâld

Gé Korsten

Ut Wikipedy
Gé Korsten
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerhard Korsten
berne 6 desimber 1927
berteplak flagge fan Nederlân Skiedam
stoarn 29 septimber 1999
stjerplak Wildernis, Súd-Afrika
wurkpaad
sjenre opera / licht populêr
sjongtaal Afrikaansk, Ingelsk
jierren aktyf 1952 - 1999

Gerhard (Gé) Korsten (berne op 6 desimber 1927 yn Skiedam, ferstoarn op 29 septimber 1999 yn Wildernis, Súd-Afrika) wie in Súd-Afrikaanske sjonger fan Nederlânske komôf. Mei syn muzyk en films sette er in grut stimpel op 'e Afrikaanske kultuer. Hjoed-de-dei wurdt syn liet "Liefling" noch jimmeroan by rugbywedstriden yn Bloemfontein en Pretoria spile. Ek wied er ferneamd fanwegen syn Nederlânske aksint.

Korsten waard op 6 desimber 1927 berne yn Skiedam en wie de jongste fan acht bern. Doe't er yn 1936 njoggen wie ferhûze er mei syn heit en mem nei Súd-Afrika. Dêr gie de hûshâlding yn Johannesburg wenjen en Gé gie dêr nei de Highlands Hoër Skool, doe in mingde skoalle. Op 'e middelbere skoalle sette er útein mei syn wurkpaad as operasjonger en yn 'e âldens fan 20 wied er al lid fan 'e koaren fan 'e Súd-Afrikaanske Utstjoerorganisaasje (SAUK). Yn 1952 folge er in stimoplieding by de South African College of Music yn Kaapstad ûnder lieding fan Adelheid Armhold.

Op 5 jannewaris 1952 boaske er Elna Burger yn 'e Nederdútsk grifformearde tsjerke fan Johannesburch-Noard. Hja wie in dochter fan dûmny Attie Burger, dy't it pear ek troude. De heit fan Gé, Kor Korsten, wie de oannimmer fan 'e tsjerke oan 'e Oaklandsloane 17 yn 'e Johannesburchske wyk Norwood, dêr't dûmny Burger op 17 juny 1950 de earste stien fan lein hie. De tsjerke waard op 18 febrewaris 1951 iepene.

Gé Korsten ferhûze yn 1955 nei Pretoria, dêr't er in oare oplieding krige ûnder lieding fan Albrecht Lewald. Gé Korsten wie yn itselde jier ek ien fan 'e stifters fan 'e Pretoria-operagroep. Syn operadebút makke er yn 1956 as Canio yn Pagliacci. Yn 1962 waard him in oerseeske stúdzjebeurs takend, wernei er yn 1963 yn Europa ûnder lieding fan Judith Hellwig fierder oplaat waard. Ek waard him de gelegenheid bean om yn opera's yn stêden as Wenen en München op te treden. In skoft hie Gé Korsten in ynstallaasjebedriuw yn Pretoria, mar hy ferkocht yn 1970 syn belang yn it bedriuw om him tenei folsein mei de muzyk dwaande te hâlden. Yn 1976 wûn Gé Korsten de "Nederburgprys vir Opera" foar syn haadrol yn Andrea Chénier.

Njonken opera sette Korsten yn 1965 útein mei it meitsjen fan lichte Afrikaanske populêre muzyk, doe 't er syn earste langspylplaat "Gé Korsten Sing uit die Hart" útbrocht. Yn 1966 brocht er noch fjouwer langspylplaten út. Syn filmdebút makke er yn 1967 yn 'e film "Kruger Miljoene". Letter dat jier spile er de haadrol yn 'e tige populêre film "Hoor My Lied", wêryn't er tegearre spile mei Min Shaw en Lindie Roux. De ferskes fan dy film levere Korsten in gouden plaat op. Nei "Hoor My Lied" folgen noch trije films:

  • Lied in My Hart mei Mitsi Stander, Min Shaw en Nellie du Toit (1969)
  • A New Life mei Leonore Veenemans (1970)
  • Lokval in Venesië mei Dianne Ridler (1972)

Lang om let krige Korsten njoggen gouden platen. Syn wurkpaad duorre 40 jier en hy naam yn dat skoft mear as 58 albums op. Dêr krige er seis Sarie-takennings foar en yn 1979 in Artes-takenning foar syn tillefyzjeprogramma "Gé Sing". Ek spile Korsten de rol fan Walt Vorster yn 'e soapsearje "Egoli: Plek van goud". Yn 1985 waard er haaddirekteur fan 'e Kaaplânske Ried foar Utfierende Keunst (KRUIK) yn Kaapstêd oansteld en dat bleau er oant 1989. Nei alle gedachten hied er oan it ein fan syn libben kanker. Yn 1999 hat er himsels it libben benaam en Korsten liet doe syn frou Elna Burger en fiif bern efter. Syn frou ferstoar yn 2012.

Gé Korsten waard op 3 maaie 2008 by de 14e útrikking fan 'e Suid-Afrikaanse Musiektoekennings foar syn hiele wurk eare.

  • Diamante Versameling - 3CD Super Boksie, 2010 EMI
  • Love Songs 2CD, 2008 GALLO
  • Afrikaanse Goue Stemme, 2008 EMI
  • Rina & Gé / Gé se 20 Treffers 2CD, 2005 EMI
  • Die Onvergeetlike, 2005
  • Gé se 20 Treffers, 2004 DECIBEL/EMI
  • Die Vergete Opnames, 2004 EMI
  • Naby My / Sailing, 2001 DECIBEL/EMI
  • Memory, 2001 EMI
  • The Heart And Soul Of Gé Korsten, GALLO
  • Sacred Songs / Gewyde Liedere, DECIBEL/EMI
  • Rina & Gé, 1993 DECIBEL
  • Grootste Treffers, MUSIC FOR PLEASURE
  • Sacred Songs, GALLO
  • Memory LP, 1982
  • Eendag LP, 1981 EMI
  • Bly By My Heer LP/CD, 1980 MUSIC FOR PLEASURE/GALLO
  • Gé & Susanne, MUSIC FOR PLEASURE/GALLO
  • Jerusalem en ander treffers LP, MUSIC FOR PLEASURE
  • Huistoe LP/CD, 1979 GALLO
  • Thank You for The Music, MUSIC FOR PLEASURE/ GALLO
  • Gé sing: TV Treffers LP/CD, 1978 MUSIC FOR PLEASURE/GALLO
  • Hier Is ´n Mens, GALLO
  • Sonder Jou LP/CD, 1976 MUSIC FOR PLEASURE/BRIGADIERS/EMI
  • Touch The Wind LP, 1974 BRIGADIERS/EMI
  • Liefling LP/CD, 1972 BRIGADIERS/GALLO
  • A New Life LP/CD, 1970 BRIGADIERS/GALLO
  • Die Hartseerwals, GALLO
  • Soet Herinnering, GALLO
  • In My Seemanshart, GALLO
  • vetseunKOOP/BUY
  • Lied In My Hart klankbaan LP (film) KAVALIER FILMS/PRIMEDIA, 1969 BRIGADIERS
  • Lili Marlene LP/CD, 1969 BRIGADIERS/GALLO
  • The Student Prince, GALLO
  • Sing, Seeman, Sing LP/CD, 1972 BRIGADIERS/GALLO
  • Mag Die Heer U Seën LP/CD, BRIGADIERS/GALLO
  • Op Toer/On Tour LP/CD, 1976 BRIGADIERS/GALLO
  • Cara Mia LP, BRIGADIERS
  • Night Of Love LP/CD, 1968 BRIGADIERS/GALLO
  • Seeman LP/CD, BRIGADIERS/GALLO
  • Sing Out LP/CD, BRIGADIERS/GALLO
  • Always LP/CD, 1967 BRIGADIERS/GALLO
  • Hits from Hear My Song / Treffers uit Hoor My Lied LP/CD/DVD
  • Kruger Miljoene & Kavaliers CD, 1967 BRIGADIERS/GALLO
  • Kruger Miljoene & Kavaliers LP, 1967 BRIGADIERS
  • Sweethearts LP/CD, 1967 BRIGADIERS/GALLO
  • Born To Sing, BRIGADIERS/GALLO
  • Sing Erika LP/CD, FAK PLATEKLUB/GALLO
  • Granada LP/CD, 1966 BRIGADIERS/GALLO
  • Sing Uit Die Hart LP/CD, 1965/1988 TEAL/BRIGADIERS/GALLO
  • Lieflike Droom LP, 1973 BRIGADIERS/EMI
  • In The Cango Caves / In Die Kango-Grotte LP, 1971 BRIGADIERS/EMI
  • Sing, Seeman, Sing LP/CD, 1969 MUSIC FOR PLEASURE/EMI/GALLO
  • On Tour LP, 1964 BRIGADIERS

De films dêr't Korsten yn spile:

  • Kruger Miljoene, 1967
  • Hoor My Lied, 1967
  • Lied in My Hart. 1969
  • A New Life, 1970
  • Lokval in Venesië, 1972
  • Netnou hoor die kinders, 1977

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: af:Gé Korsten.