Fyfde Opwyk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Fyfde Opwyk (Stellingwerfsk en offisjeel: Viefde Opwiek) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf. De wyk rint tusken de Earste Krúswyk súdeast fan Ravenswâld en de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn Appelskea njonken de wei Boksleat. In opwyk is in dearinnende wyk.

De namme Viefde Opwiek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Vijfde Wijk.