Earste Krúswyk
Appearance
De Earste Krúswyk (Stellingwerfsk en offisjeel: Eerste Kruuswiek) is in wyk yn de gemeente Eaststellingwerf. De feart rint fan Ravenswâld ôf oan de súdwestkant lâns de Kompanjonsbosken nei de Mennewei. Sydwiken binne de Seisde Wyk oant en mei de Tsiende Wyk.
De wiken yn dit gebiet rinne oer it generaal fan noardeast-súdwest, de krúswiken steane dêr heaksk op, en rinne súdeast-noardwest.
De namme Eerste Kruuswiek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Eerste Kruiswijk.