Fuotbalferiening De Wâlden
Fuotbalferiening De Wâlden is in amateurfuotbalferiening oprjochte op 1 septimber 1946 yn Damwâld, gemeente Dantumadiel. Se spylje harren thúswedstriden op it "Sportpark Op de Skieding".
Sûnt de simmer fan 2006 hawwe VV de Wâlden en Broekster Boys, ek yn Damwâld, har jeugdôfdielingen fuseare ta de SJO Broekster Wâlden (sjo stiet foar samenwerkende jeugdorganisatie, gearwurkjende jeugdorganisaasje).
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fuotbalklup De Wâlden waard oprjochte op 1 septimber 1946. Yn'e tiid derfoar wiene der ferskate ûnderlinge wedstriden tusken de doarpen yn't gebiet, mar om yn 'e kompetysje spylje te kinnen moast in fuotbalklup oprjochte wurde. VV de Wâlden wie de earste fuotbalferiening yn 'e regio. De Wâlden spilen earst syn wedstriden op in greide oan de eastkant fan de Haadwei en nei ferskate omswalkingen einigen se by it badhûs oan 'e Badhuisweg. Dêr waarden twa fjilden oanlein troch de gemeente Dantumadiel. Yn dy tiid ferhuze Broekster Boys dêr ek hinne út Broeksterwâld wei.
Yn 1974 waard in nij haadfjild tafoege en ek de hjoeddeiske sporthal waard doe boud. Ien fan'e besteande fjilden waard werombrocht nei in heal fuotbalfjild en wurdt sûnt dy tiid brûkt as trainingsfjild. Tegearre mei de kuorbalferiening krigen De Wâlden in eigen kantine en klaaikeamers. Earst waard it kompleks tegearre brûkt mei de Broekster Boys, mar nei in skoft ferhuzen de Broekster Boys nei syn eigen kompleks.
Oarspronklik wie der altyd rivaliteit mei de buorferiening Broekster Boys. Wylst Broekster Boys in feriening is mei in kristlike eftergrûn, wurdt de Wâlden beskôge as de folksferiening dy't net bûn is oan in identiteit en iepen is foar elkenien. Leden komme út Damwâld, Broeksterwâld, De Falom en Dokkum.
It earste team spilet yn it seizoen 2020/2021 yn'e Fjirde klasse snein fan't KNVB-distrikt Noard