Fuotbalferiening Bitgum
| V.V. Bitgum | ||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 28 maaie 1949 | |||||||||||||||||||||
| Plak | Bitgum, Bitgummole, Ingelum | |||||||||||||||||||||
| Sportkompleks | It Bosk, Bitgummole | |||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||
V.V. Bitgum is de fuotbalklup fan Bitgum. Spile wurdt op sportkompleks 'It Bosk', tusken Bitgum en Bitgummole op twa fuotbalfjildfen en twa oefenfjilden mei ferljochting.
De sneinsferiening is oprjochte op 28 maaie 1949. Earst kamen ek in soad leden út Berltsum, op 2 juny 1952 kaam der in fúzje mei de yn oprjochting wêzende Berltsum. Sûnt dy tiid waard de namme CBB (Combinatie Bitgum Berltsum). In skoft letter kaam der in sneonsôfdieling by de sneinsferiening. Nei't yn 1972 yn Berltsum de fuotbalferiening SC Berltsum oprjochte waard yn 1975 de oarspronklike namme wer oannaam. Yn 1990 hie de feriening foar it earst in froulju's alvetal dat kompetysje spile, yn 2004 kaam der ek in famkes alvetal by yn de kompetysje. de klupkleuren binne grien en swart.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|