Springe nei ynhâld

Fryske myte

Ut Wikipedy

De Fryske myte giet oer de komôf fan de Friezen. Yn de fantastyske Fryske skiedskriuwerij (ein midsiuwen en 16e iuw) stamme de Friezen streekrjocht ôf fan de Frisii dy't troch Romeinske en ier-midsiuwske boarnen neamd wurde. Fierders soenen de Friezen altyd yn frijheid en lykweardich libbe hawwe en soe de Fryske identiteit, kultuer en taal sawat net feroare wêze yn al dy jierren. In bekend foarbyld bygelyks dêr't de myte yn werjûn wurdt is Croniicke ende warachtige Beschryvinghe van Vrieslant fan Ocko Scharlensis. Fan it Oera Linda Boek wurdt algemien oannomd dat it in ferfalsking is. In oare bekende myte is de Bataafske myte dy't oanhongen waard yn de sechtjinde en santjinde iuw.

In ferbân tusken Frisii en Friezen liket foar de hân te lizzen. Dochs wurdt dat byld tsjintwurdich net langer mear oanhongen. Dêr't foar de Romeinske tiid sawol archeologyske as skriftlike oanwizings besteane foar in frij tichte befolking, bestiet der yn de oerlevere boarnen in gat fan de fjirde iuw ôf. De Frisii-Minores en Frisii-Majores wurden fan dan ôf net mear neamd. De Friezen wurde foar it earst wer neamd by de ynfal troch de Deenske kening Chochilac of Hugleik yn de Ryndelta (sirka 525), in foarboade fan de lettere Wytsingesrôftochten. Dy lêste Friezen wurde ek wol Anglo-Friezen neamd.

De terpen en wieren yn Noard-Nederlân binne sûnt de njoggentjinde iuw it ûnderwerp fan archeologysk ûndersyk. By dat ûndersiik binne oant no ta frijwol gjin fynsten dien út de fiifde en seisde iuw. Dat tsjut op in ûntfolking fan it gebiet. Foar it tiidrek fuort dêrnei wizen de fynsten op de oanwêzigens fan Angelen en Saksen dy't harren mooglik mei de lytse Fryske restbefolking mingd hawwe, om't fan inkele wieren de trochgeande bewenning wol oantoand is.

Dêrnjonken is er noch de toponymy dy't besiket te efterheljen wat de komôf is fan in plaknamme. Der binne inkele plaknammen yn Noard-Nederlân dy't weromgripe op de prehistoaryske tiid, mar dêrmei is de bewenningskontinuïteit mar in bytsje oan te tsjutten. Dúdlik is yn alle gefallen dat befolkingstichtens bot ôfnommen is yn de let-Romeinske tiid. Faaks hawwe nije bewenners op de ein fan de folkeferfarrings de âlde namme oernommen, mar wierskynliker is dat soks fia de Franken bart is.

  • Boeles, P.C.J.A (1951), Friesland tot de XIe eeuw: zijn vóór- en vroegste geschiedenis. De Haach.
  • Blok, D.P. (red) et al (1981): Algemene Geschiedenis der Nederlanden, deel 1, Fibula-Van Dishoeck, Haarlim
  • Nijs, T. de, Beukers, E. (red.) (2002): Geschiedenis van Holland tot 1572, Verloren, Hilversum.
  • P. Pentz e.o. (2003), Koningen van de Noordzee.
  • Bazelmans, J.; Groenendijk, H.; Langen, G. de (2005): De late prehistorie en protohistorie van holoceen Noord-Nederland, Nationale Onderzoeksagenda Archeologie (NOaA),
  • Jensma, G. (2006): Het Oera Linda-boek, Verloren, Hilfersum.
  • Moster, M., (2009), In de marge van de beschaving: de geschiedenis van Nederland (0-1100), Amsterdam.