Oerlis:Fryske myte
Appearance
Der is wol in ferbân tusken de Frisii en de Friezen. De Frisii binne wol fermongen mei oare folken mei it Grutte Folkeferfarren, mar ferdwûn binne se net. De terp Ezinge wie fan de Romeinske tiid oant de Fryske keningstiid bewenne fan Friezen. Der binne genôch oare terpen dy't trochgeande bewenning hân hawwe. De skriuwer fan dizze side hat de ynformaasje oernaam fan de Nederlânske Wikipedy sûnder de ynhâld te hifkjen. Mar dat kin altyd noch ;-) Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 13 jun 2011, 16.14 (CEST)
- Neffens my komme de fragen dy't jo hawwe kinne by de skiednis fan de Friezen nei de Romeinske tiid genôch oan bod yn it artikel. Kontinue bewenning, ja; dy't har Friezen neamden? Faaks wol. Der is gewoan in ferhipt lyts bytsje witten oer dy tiid. Drewes 13 jun 2011, 17.10 (CEST)
- O ja, ik haw Angelsaksen feroare yn Angelen en Saksen. Angelsaksen slacht dochs meast op de lju dy't har yn Ingelân deljoegen yn it Grutte Folkeferfarren. Drewes 13 jun 2011, 17.13 (CEST)
- De skriuwer fan dit artikel is oars wol aardich op de hichte fan de Fryske skiednis hear:) Lês mar it stikje yn it artikel fan P.C.J.A. Boeles, dy't in protte belutsen west hat by de opgravings begjin foarige ieu. It wie him al opfallen dat er wat net kloppe mei de bewenningskontinuïteit fan de Fryske terpen. Ik ha syn wurk dêrom by de literatuerferwizing setten. --Geoffrey 13 jun 2011, 19.08 (CEST)
- It wurk fan P.C.J.A. Boeles is hiel bot ferâldere. It Frisia-projekt en lyksoartige projekten binne allegear nei Boeles syn tiid dien. Dêrtroch is der no folle mear ynformaasje op dit mêd beskikber. Ik leau net mear dat in folslein folk ynienen syn wenstee ferlitten hat en dat der in folslein oar folk foar yn it plak kaam. Dat is no krekt de myte. It probleem is dat de âlde boeken noch net by de tiid brocht binne! It is ek wol hiel bysûnder dat op itselde plak yn twa ferskillende tiden in folk mei deselde namme wenne hat. 'Frisii' is tige wierskynlik de Romeinske beneaming foar it folk dat letter de 'Friezen' neamd waard. Groetnis --Kening Aldgilles 13 jun 2011, 21.03 (CEST)
- Wis, Boeles syn wurk is ferâldere, mar wat er ynseach giet noch hieltyd op. En wis der wie ek net sprake fan folslein oare folken. Hja makken allegear diel út fan de Noardseekultuer út dy tiid en sprutsen sawat deselde taal, kustgermaansk of Inguaeoonsk. Ik sil der noch oare literatuerferwizings bysette. Gr. --Geoffrey 13 jun 2011, 21.19 (CEST)