Fryske hin
| Fryske hin | ||
| hinneras | ||
| hoanne | ||
| hin | ||
| Algemiene ynformaasje | ||
| oarspronglân | Fryslân | |
| type | aailisras | |
| gebrûk | hobby, aaiproduksje | |
| Uterlik | ||
| gewicht hoanne | 1,5–1,6 kg | |
| gewicht hin | 1,2–1,3 kg | |
| kaam | inkele kaam | |
| kleurslaggen | gielweiten wytweiten reaweiten gielwytweiten sitroenweiten reabûnt swart wyt blau swartbûnt koekútsfearrich. | |
| Produksje | ||
| aaiproduksje | 160-170 | |
| aaikleur | wyt | |
| Fokkerij | ||
| stamboek | FHK | |
| Webside | ||
| fryskehinnen.frl | ||
De Fryske hin is in Frysk hinneras. It is in sierlike libbene hin fan sawat 50 sm. dy't eartiids in soad op boerehiemen omskarrele. It ras kin goed oer kjeld en kin goed fleane. De hinnen reitsje net gau brodsk en lizze sa'n 160 aaien yn in jier. Njonken hinnen mei in gewoane poatlingte ha der ek hinnen west mei koarte poatsjes, saneamde krûpelhintsjes of krûperkes. Dy hinnen binne der net mear en de lêste dêrfan waard yn 'e jierren 1930 sjoen. Fan 'e Fryske hin bestiet ek in krielfariëteit.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne mear as tsien kleurefariëteiten: wytweiten (readpel), gielweiten (goudpel), sitroenpel, readweiten, swart, wyt, koekútsfearrich, reabûnt en swartbûnt. It Nederlânske efterheaksel -pel slacht op de tekening fan plakken yn 'e foarm fan nôtkerls op 'e fearren.
Fryske Hinneklub
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut terpfynsten blykt al dat der al oan it begjin fan de jiertelling hinnen hâlden waarden wêrfan grutte en foarm tige op de Fryske Hin lykje. It ras wie begjin 1900 hast útstoarn. Der kamen hieltyd mear 'nutrassen' dy't gruttere aaien leinen, lykas Leghorn, Minorka's en Wyandottes. De Fryske Hinneklub mei 240 leden yn en bûten Fryslân wol sûnt 1922 it âlde ras safolle mooglik weromfokke nei sa't it foar 1900 west hawwe moat: mei libbene en sierlike bewegings, sierlik bûgde frij lange nekke, in heechoppe sturt mei moaie waaierfoarmige fearren en laaiblauwe poaten sûnder fearren. Der wurde keurings en tentoanstellings hâlden en in soad aaien en materiaal útwiksele.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryske Hinnen, hânlieding by it hâlden, fokken en tentoanstellen - Fryske Akademy, (1992)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee oer de Fryske Hin Nederlânsk
- Fryske Hinneklub Nederlânsk
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
