Springe nei ynhâld

Fryske dielname oan de Krústochten

Ut Wikipedy
Fryske krúsfarders feroverje de toer fan Damiate.

Fryske dielname oan de Krústochten begjint al mei de earste krústocht. Fryske krúsfarders diene oan alle grutte krústochten en de Reconquista mei. By de fyfte krústocht hiene de Friezen sukses mei de oanfal op de toer fan Damiate yn it hjoeddeiske Egypte. By de achtste krústocht waard troch Friezen meidien de oanfal op Tunis.

De 1e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste krústocht begûn yn it jier 1096. Der wurde gjin Fryske dielnimmers neamd, mar it Frysk wie wol ien fan de talen dy't brûkt waard troch de krúsfarders. It hichtepunt fan de earste krústocht wie de ferovering fan Jeruzalem op 15 july 1099.

De 2e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twadde krústocht begûn yn 1144 en omfieme sa likernôch 200 skippen. Neist de Friezen diene der Denen, Sweden, Welsken, Ingelsen, Noarmannen, Frânsen, Flamingen en Dútsers mei oan dizze krústocht. Fan de twadde krústocht is bekend dat Friezen yn it jier 1147 by de ferovering fan Lissabon wiene.

De 3e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1187 ferovere Saladin grutte dielen fan it Keninkryk Jeruzalim, ek de stêd Jeruzalem sels. Yn 1188 koenen de kristlike stêden Tyrus, Tripoly en Antiochje stân hâlde tsjin Saladin. It ferlies fan Jeruzalim en grutte dielen fan Palestina wie de direkte reden foar de tredde krústocht. Al yn it jier 1187 farden Fryske en Deenske krúsfarders mei 50 skippen nei Portugal. Underweis kamen dêr noch Flamen by. Hja feroveren it plak Silves yn it súdwesten fan it Ibearysk Skiereilân. De float fan Friezen en Denen kaam yn 1189 oan by it plak Akko. Under it befel fan Loadewyk de Fromme namen de Friezen diel oan de ferovering fan it plak dat yn hannen wie fan moslims. Yn 1192 hienen de krúsfarders de stêd ferovere.

De 4e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it jier 1197 wiene de Friezen wer ûnderweis nei it Hillige Lân. Diskear mei Dútske krúsfarders ûnder it befel fan de biskop fan Bremen. Nei wat skermutselingen setten se yn 1199 wer op hûs oan.

De 5e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fryske krúsfarders feroverje de toer fan Damiate. De Friezen op dizze ôfbylding út in 13e-iuwsk manuskript fearen mei in kogge.

Yn 1217 waarden de Friezen troch magister Olivier fan Keulen oproppen mei te dwaan oan de fyfte krústocht. Yn de mûning fan de Lauwers sammele de Fryske float mei 90 skippen en stiek op 31 maaie 1217 ôf. Fan dizze tocht is yn de kroniken fan Witewierrum in ferslach opnommen, dêr't de rol fan de Fryske dielnimmers dúdlik yn beskreaun wurdt. Op de hinnereis ûnderskaten de Friezen har fan oare dielnimmers troch harren dappere rol yn de striid dy't plak fûn foar it Spaanske plak Santa Maria (it hjoeddeistige Hairin), in bytsje noardlik fan Cadiz, dat yn hannen wie fan de Sarasenen. Nei de oerwinning waarden de Friezen yn Rome feestlik begroete en troch de Paus goedwillich ûntfongen. Yn de maitiid fan 1218 kamen de Friezen úteinlik mei Hollanners en Ingelsen oan yn Akko. Fan Akko farde de float fierder nei Damiate. Op 29 maaie 1218 kaam de float oan by it plak Damiate. It plak Damiate wie wichtich omdat de krúsfarders allinnich dêr de Nyl op farre koene. De tagong ta de haven en de Nyl wie befeilige troch in keatling. It keatling koe strak lutsen wurde sadat skippen net de Nyl op koene. De krúsfarders moasten de haventoer oermasterje om tagong te krijen. Twa Fryske skippen waarden dêrfoar oan inoar fêstbûn en dêrop waard in grutte toer boud. De Fries Hayo Fivelgoa út de Ommelannen bestoarme de toer en ferovere de giele flagge fan de sultan, it banier fan de toer. Nei de oermastering fan de toer begûn it belis op de stêd. In part fan de Friezen sette nei it oermasterjen fan de toer op hûs ta. In oar part fan de Friezen die mei oan it belis fan Damiate. Yn 1221 waard de stêd werom ferovere troch de Sarasenen. De tocht, dêr't ek pylgers út Eastergoa by wiene, wie lykwols in grutte mislearring.

De 6e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de 6e tocht sette op 22 maaie 1227 in Fryske float ôf fan it eilân Borkum, dat in protte dielnimmers ferlear troch in stoarm.

De 7e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Krak des Chevaliers, in boarch fan de krúsfarders yn it hjoeddeiske Syrje.

De 7e krústocht wie yn it tiidrek 1248-1254. Yn de stêd Grins wie dêrfoar yn 1247 in grutte gearkomste. Prekers út Rome namen by dy gearkomst net allinnich seine, mar ek frijheidsprivileezjes foar de Friezen mei. De reis nei it Hillige Lân begûn yn 'e maitiid fan 1249. Oer de fierdere partisipaasje fan de Friezen is by de 7e krústocht neat bekend.

De 8e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1251 frege de Frânske kening Loadewyk IX de Friezen om mei te dwaan oan de achtste krústocht. By de twadde, troch dizze foarst organisearre, tocht yn 1269 diene mear as fyftich Fryske skippen mei. Allinnich al út Fivelgoa waarden fjouwer skippen beskikber steld. By dy lêste tocht hellen de Friezen by Slach by Tunis op 30 augustus 1270 in oerwinning op de Moaren.

De 9e Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oerwinning op de Moaren yn Tunis farden de Friezen, Dútsers en Ingelsen ûnder it befel fan de Frânske Karel fan Anjou fierder nei Palestina. Dêrmei begûn de njoggende krústocht. Underweis hiene de krúsfarders lêst fan sykten en min waar sadat se yn 1271 mei aardich wat minder minsken oankamen yn Akko. De tastân fan it leger yn Akko wie min en sûnder perspektyf. Yn 1974 rôp de paus op ta in nije krústocht, mar dy kaam net fan 'e grûn. Yn 1291 feroveren de Mammelukken it lêste gebiet fan de Krúsfarders, de stêd Akko.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: