Springe nei ynhâld

Fryske derby (proffuotbal)

Ut Wikipedy

De Fryske derby yn it proffuotbal is de wedstriid tusken SC It Hearrenfean en Cambuur Ljouwert. De klups binne de ienichste twa Fryske proffuotbalklups. Oer it algemien wurdt de Fryske derby beskôge as ien fan de meast oansprekkende fuotbalwedstriden yn Nederlân. Cambuur spilet hjoed de dei yn de Earste difyzje, It Hearrenfean komt út yn de Earedifyzje.

De Fryske derby, of ‘It kampioenskip fan Fryslân’, is mear as in wedstriid op himsels. In oerwinning yn de derby kin, benammen yn de perioade oant de jierren tachtich, in min seizoen goed meitsje. Fierders foarmet de twastriid ek in unyk duel tusken de haadstêd en it plattelân. Nea oars is de striid tusken de haadstêd fan in provinsje en it plattelân dêrom hinne sa grut as yn Fryslân.

Yn de begjinperioade fan it fuotbal yn Fryslân bestie dizze derby noch net sa at we dy no kenne. Oare klups út bygelyks De Jouwer (De Koai) en Snits wienen foar It Hearrenfean in wichtiger tsjinstanner, wylst Cambuur yn Ljouwert sels syn derby’s útfocht. Pas nei de ynfier fan it betelle fuotbal yn Nederlân waard de wedstriid tusken It Fean en Cambuur de wichtichste partij fan it seizoen foar de klups.

De earste derby’s

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste offisjele wedstriid tusken It Hearrenfean en Cambuur waard spile op 10 oktober 1937, yn It Hearrenfean. Ljouwert, sa at de klup doe noch hiet wûn de wedstriid mei 3-6. De Ljouwerters wisten pas trije jier letter, yn it seizoen 1940-1941 wer te winnen fan It Hearrenfean. De beide wedstriden yn de kompetysje waarden wûn. Utslaggen dat jier: 2-9 en 9-0 foar Ljouwert. Opfallend binne dizze útslaggen omdat dit midden yn de perioade wie fan it Gouden Hearrenfean mei ûnder oare Abe Lenstra yn de ploech. Nei dizze twa oerwinnings fan Ljouwert soe it leafst 19 ûnderlinge wedstriden duorje foardat Ljouwert dizze konfrontaasje wer ris wûn.

De derby’s yn de Earedifyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske derby is op it heechste Nederlânske fuotbal nivo, de Earedifyzje, noch mar seis kear spile. De earste edysje hjirfan waard spile op 8 septimber 1993. It Fean wie yn Ljouwert mei 0-2 te sterk foar Cambuur. De ienichste oerwinning yn de derby fan Cambuur yn de Earedifyzje waard behelle op 18 febrewaris 1994 yn it Abe Lenstra Stadion fan It Hearrenfean. De útslach wie 1-2 foar Cambuur.

Wichtige derby’s

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de seizoenen fan 1948-1949 en 1949-1950 waard It Fean beide kearen kampioen troch de derby te winnen. Yn 1949 barde dat yn Ljouwert, yn 1950 waard Ljouwert thús ferslein. Yn 1965 spile de Fryske konfrontaasje him ôf yn de Twadde Difyzje. Cambuur, sa’t de klup dat jier foar it earst hiet, waard dat jier op It Hearrenfean kampioen troch mei 0-4 te winnen.

Op Earedifyzjenivo hat de wichtichste wedstriid dy fan 30 april 2000 west. It Hearrenfean wûn mei 0-2 yn it Cambuur Stadion en kwalifisearre him dêrmei foar de Champions League

Stân en útslaggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1937-1938

1938-1939

1939-1940

1940-1941

1941-1942

1942-1943

1943-1944

1945-1946

1946-1947

1947-1948

1948-1949

1949-1950

1950-1951

1952-1953

1954-1955

1956-1957

1962-1963

1963-1964

1964-1965

1970-1971

1971-1972

1972-1973

1973-1974

1974-1975

1975-1976

1976-1977

1977-1978

1978-1979

1979-1980

1980-1981

1981-1982

1982-1983

1983-1984

1984-1985

1985-1986

1986-1987

1987-1988

1988-1989

1989-1990

1991-1992

1993-1994

1998-1999

1999-2000

1958-1959

1960-1961

1961-1962

1965-1966

1967-1968

1992-1993

1994-1995

Stân yn de Fryske derby
Klup Wedstriden Wûn Lyk Ferlern Foar Sjin
SC It Hearrenfean 94 52 21 21 190- 137
Cambuur Ljouwert 94 21 21 52 137- 190

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Keimpema, A. (1995). Een Pompeblêd als voetbalhart, 75 jaar Heerenveen 1920 - 1995. Uitgeverij Banda.