Springe nei ynhâld

Fryske Aksje

Ut Wikipedy
Freedsume demonstraasje FRA yn Ljouwert (Ljouwerter Krante 27-12-1988).

De Fryske Aksje (ôfkoarte FRA) wie yn it tiidrek 1988-1998 in kollektyf dat foar de Fryske belangen yn 't spier wie. De groep presintearre him yn 1988 yn de media.

  • Desimber 1988 hold de groep in freedsume demonstraasje yn Ljouwert foar it Frysk. It gong om de PTT, dy't troch de rjochtbank yn 't lyk steld waard doe't sy yn gemeenten mei offisjeel Fryske plaknammen noch hieltyd de Nederlânske nammen op de brievebussen brûkten.[1]
  • Yn april 1989 stipet de FRA de stêd Ljouwert en helje de status Stedelijk Knooppunt. Neffens de FRA soe it goed wêze foar Fryslân omdat dy status ekonomyske gefolgen hawwe soe.[2]
  • Yn maaie 1989 set de FRA by de Alvestêderûte lâns buorden del om omtinken te freegjen foar de sitewaasje yn Fryslân.[3]
  • Yn maaie 1991 bea de FRA in petysje oan de boargemaster fan Lemsterlân oan. It kollektyf woe it Fryske taalbelied oan 'e oarder ha. Boargemaster Eijgelaar fan Lemsterlân winske leaver gjin Fryske korrespondisje fan de provinsje omdat er dy net lêze koe.[4][5]
  • Op 20 maaie 1992 blokkearje sa'n 35 aksjefierders fan de FRA mei Grinzer studinten de yngong ta it Provinsjehûs foar steateleden. De aksje wie tsjin in fierdere noardlike gearwurking, dy't de groep as in gefaar seach foar it fuortbestean fan de provinsje Fryslân.[6]
  • Begjin 1994 reizge de groep fan Harns nei Lier, om op boartlike wize te pleitsjen foar in bettere treinferbining.[7]
  • Yn 1996 rjochtet de groep de fiktive Fryske Ierdgas Maatskippij op. Doel fan dy aksje wie it behâldt fan de gaswinst foar Fryslân.[8][9]
  • Neidat yn 1996 yn Achtkarspelen fergees besocht wie om ta Frysk plaknammen te kommen hong de groep yn de gemeente hûnderten posters op mei de tekst Ik haat Friezen.[10]
  • Yn 1998 beleannet de FRA de koster fan Bitgum, omdat hy by it Fryslân 500 barren de swarte flagge op syn tsjerketoer úthong. Op dy dei hie de organisaasje fan Fryslân 500 frege de flagge út te hingjen. De koster krige de Hayo Hayen-oarkonde, neamd nei de lêste Fryskprater fan it eilân Wangereach.[11]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vreedzame demonstratie voor het Frysk, Ljouwerter Krante 27-12-1988
  2. Fryske Aksje steunt Leeuwarden in strijd stedelijk knooppunt, Ljouwerter Krante 28-04-1989
  3. Buorden FRA by Alvestederute, Ljouwerter Krante 16-05-1989
  4. Lemster burgemeester weigert petitie van Fryske Aksje, Ljouwerter Krante 27-05-1991
  5. Fracties Lemsterland leggen brief Fryske Aksje terzijde, Ljouwerter Krante 22-06-1991
  6. Schermutselingen bij Provinsjehüs, Ljouwerter Krante 21-05-1992
  7. Fryske Aksje bepleit beter spoor Harlingen-Leer, Ljouwerter Krante 31-01-1994
  8. Fryske Aksje wil aardgas exploiteren, Ljouwerter Krante 14-03-1996
  9. Fryske Aksje pleit voor behoud gaswinst, Ljouwerter Krante 18-03-1996
  10. Fryske Aksje plakt Achtkarspelen vol, Ljouwerter Krante 2-05-1996
  11. Fryske Aksje beloont koster Beetgum, Ljouwerter Krante 20-11-1998