Springe nei ynhâld

Frysk Bûn fan Jongereinferienings

Ut Wikipedy

It Frysk Bûn fan Jongereinferienings wie in bûn fan ferienings foar bibelstúdzje en evangelisaasje dat ûntstie troch It Réveil fan ± 1860.

Der waarden aksjes op tou setten foar sneinskoallen, feinteferienings en kristlik ûnderwiis. It bûn sels waard oprjochte yn 1885. It orgaan hiet 'Het Corresondetieblad'. Lieders wienen ûnder oare dûmny Johannes Jacobus Asuerus Ploos van Amstel en Willem Kroese. It bûn stifte en ûnderhâlde in kristlik militêr tehûs yn Ljouwert. Mei troch de Doleânsje gie it ledetal efterút. In soad ferienings slueten har oan by lanlike bûnen. It herfoarme Nederlands Jongelingsverbond en it Bûn fan Jongerein op grifformearde grûnslach. Yn 1910 waard it bûn opheft. Doe wienen noch 52 Jongereinferienings (857 leden) lid, 24 feinteferienings (347 leden) en 9 sneinskoallen (702 learlingen).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: