Fritz Klein
Fritz Klein (Feketehalom, 24 novimber 1888 - Hameln, 13 desimber 1945) wie in wreedferneamd Roemeensk-Dútske Nazy-dokter, dy't foar sy misdieden yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen ûnder de Holokaust feroardield waard ta de strop.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Klein waard berne yn Roemenië, yn it plak Feketehalom, dat no Kodlea hjit en doetiids by de dûbelmonarchy Eastenryk-Hongarije behearde. Hy gie yn militêre tsjisnt yn Roemenië en studearre dêrnei genêskunde. Nei de Earste Wrâldoarloch makke er dy stúdzje dien yn Boedapest. Klein festige him as dokter yn Zevenburgen (Transsylvaanje). Hy waard al betiid lid fan de NSDAP en lang om let sleat er him yn maaie 1943 by de waffen-SS oan en waard nei Joegoslaavje stjoerd.
Op 15 desimber 1943 kaam er yn it konsintraasjekamp Auschwitz, dêr't er oan 'e gong gie as dokter yn it frouljuskamp fan Birkenau. Dêrnei wurke er as dokter yn it sigeunerkamp. Hy wie ek mear as ien kear belutsen by de "Selektionen" fan nij arrivearre finzenen. Desimber 1944 waard er oerpleatst nei it kamp Neuengamme en dêrnei yn jannewaris 1945 nei Bergen-Belsen stjoerd. Dêr waard er by de befrijding fan it kamp yn april 1945 troch de Britten fêstset. By it Bergen-Belsen-proses ferdigene Klein himsels.
Yn it proses waard him frege hoe't er syn hannelingen yn de kampen ferienigje kind hie mei syn dokterwêzen. Klein ferklearre doe:[1] Fanwege de eed fan Hippokrates moat ik in ûntstutsen appendiks út it minsklik lichem snije. De Joaden binne de ûntstutsen appendiks fan it minskdom. Dêrom snij ik se derút.
Im Britsk militêr gerjocht yn Lüneburg fûn him skuldich en feroardiele him ta de dea. Hy waard dêrnei ophongen troch de Britske beul Albert Pierrepoint yn de finzenis fan Hamelen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Roemeensk dokter
- Eastenryksk dokter
- Dútsk dokter
- Eastenryksk-Hongaarsk militêr yn de Earste Wrâldkriich
- Dútsk persoan yn de Twadde Wrâldkriich
- Dielnimmer oan de Porajmos
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Kamppersoniel yn Auschwitz
- Kamppersoniel yn Neuengamme
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de Waffen-SS
- Persoan dy't de deastraf krigen hat
- Roemeensk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan fan Transsylvaansk-Saksysk komôf
- Persoan berne yn 1888
- Persoan stoarn yn 1945