Frisia Zout
Frisia Zout is in bedriuw yn Harns dat fakuümsâlt wint dat foarkomt op in djipte fan sa'n 2800 meter ûnder de grûn.
It bedriuw sette út ein yn 1996 as Harlinger Zoutfabriek Frima en hie hie doe 65 arbeiders yn it wurk. It bedriuw eksploitearret ûnder mear in sâltboarne ûnder Seisbierrum.
Op 27 july 2000 waard it bedriuw oernaam troch ít Dútske Kali und Salz (K + S) út Kassel en gie doe fierder ûnder de namme Frisia Zout.
Letter is it bedriuw opgien yn Esco (European Salt Company).
2007 waard 1.200 kton keukensâlt (NaCl) wûn. Dêrfan giet 80% nei de sâltgemy en 20% is ornearre foar húshâldlik gebrûk, de fiedingsmiddelenyndustry en as struisâlt. Fieders wurdt it sâlt brûkt om drinkwetter sêfter te meitsjen en yn slikstiennen foar kij.
It njonkenprodukt kalkhâldend sâlt wurdt brûkt foar it ferbetterjen fan soere grûn.
Sâltwinning ûnder de Waadsee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]July 2011 hat Frisia Zout in fergunning krigen foar it winnen fan sâlt ûnder de Waadsee. It sâlt sit op sa'n trije kilometer út de kust en op twa kilometer djipte en wurdt oanboarre fan in yndustryterrein yn Harns. It Ministearje fan Ekonomyske Saken jout as betingst dat floara en fauna yn de Waadsee net te lijen hawwe meie fan de sâltwinning.
Krityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krityk is der fral fanwege it fan de sâltwinning te ferwachtsjen sakjen fan de boaiem. Miljeugroepen, lykas Laat het Zout maar Zitten, binne fral benaud foar de gefolgen fan de sâltwinning ûnder de Waadsee.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |