Friezetsjerke
De Friezetsjerke, ek wol San Michele dei Frisoni, San Michele in Sassia of Santi Michele e Magno, is in tsjerke yn Rome en is boud yn 1141. De tsjerke leit tsjin ien fan de Romeinske hichten, de Janikulus, oan yn de âlde pilgrimswyk de Borgo. It gebou stiet op de hoeke fan de strjitten Largo degli Alicorni en Via del S. Uffizio, deunby it Sint-Pitersplein. De Friezetsjerke is troch har lizzing yn de 16e iuw, doe’t alle gebouwen ûnderoan de hichte delhelle waarden, bewarre bleaun. Sûnt 1990 stiet de tsjerke, fanwege har unike skiedkundige betsjutting, op de UNESCO Wrâlderfgoedlist.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak dêr't no de Friezetsjerke stiet wenne 1200 jier werom in koloanje Friezen. It gebiet fan de Friezetsjerke wie it plak dêr’t alle Friezen dy’t fan Fryslân nei Rome kamen wenjen gongen. Ek oare folken, bygelyks de Franken, Saksen en Angelsaksen, hienen harren eigen skoalle, mar dy fan de Friezen lei it tichtste by de Sint-Piter.
Dizze Skoala fan de Friezen, wurdt neamd yn tal fan âlde dokuminten. Bygelyks by de ûntfangst fan Leo III neidat hy werom kaam út Rome yn 799, by it groetsjen fan Karel de Grutte yn 800 en troch Loadewyk II yn 844. Yn 845 ferdigenje de Friezen, tegearre mei oare skoallen de Sint-Piter en de oanbuorjende wyk tsjin de ynfal fan de Sarasenen, hjirby waarden de skoallen plondere. Koart dêrnei waard rûnom de wyk in muorre boud, wêrfan inkele stikken noch altyd oerein stean.
Fan it âlde tsjerkje dat by de lytse delsetting hearde is neat oerbleaun. It is nei alle gedachten troch kriichsgeweld ferwoaste. De patroanhillige fan de Friezetsjerke wie Michael, de aartsingel, dy’t Rome befrijd hat fan de pest. Letter krige it ek in twadde patroan, Sint Magnus, in hillige 3e-iuwske biskop dy’t by tafal, fiifhûndert jier nei syn dea, dêr terjochte kaam. Neffens in ynskripsje út de 13e of 14e iuw hienen inkele oeriverige Friezen syn relikwyen meinimme wold nei Fryslân, mar dat is troch Paus Leo IV tsjinhâlden, de relikwyen bleaune yn Rome, yn de tsjerke dy’t no in dûbele namme krige, de tsjerke fan Michael en Magnus.
Yn 1141 is de nije tsjerke boud, dy’t grutter en moaier wêze moast as de earste tsjerke. It waard in romaansk bouwurk, mei âlde pylders en in klokketoer. De klokketoer bestiet noch, mar de tsjerke sjocht der no hiel oars út as earst it gefal wie. Tusken 1756 en 1759 waard de tsjerke ta in trijeskippige pylderbasilyk omboud. Yn de 19e iuw waard de binnenkant fan it gebou stevich feroare, allinnich oan inkele lytse fine puntsjes is noch te sjen hoe âld it gebou is.
Der binne noch twa fragminten fan in greveplak foar iene Hebus, in Fryske strider dy’t yn 1004 yn Rome op syn njoggentjinde ferstoar.
Yn de rin fan de tiid waard de tsjerke hieltyd minder brûkt troch Friezen en oare minsken út de Lege Lannen. De tsjerke kaam yn it besit fan it tsjerkebestjoer fan de Sint-Piter. Se hawwe de tsjerke beheard en brûkt as parochytsjerke, seminaarkapel en as bytsjerke fan de Sint-Piter. De lêste iuwen waard de tsjerke brûkt troch de Bruorskip fan it Hillige Sakramint, in organisaasje dy’t besibbe is oan it Fatikaan. Yn de rin fan de 20e iuw waard de tsjerke wer yn gebrûk naam troch Friezen en oare minsken út Nederlân. Fan 1980 ôf fûnen somtiden de earste Nederlânske plechtichheden wer plak en yn 1985 waard de earste Fryske mis dien. Sûnt 1990 is de Friezetsjerke de nasjonale tsjerke fan Nederlân yn Rome.
Loadewyk Damsma fan De Jouwer hat tusken 1985 en 2001 2.700 kleastermoppen sammele út tsjerken fan de âlde Fryske lannen, ek út it Sealterlân. Fiifhûndert fan dizze stienen binne yn 2002 yn de Friezetsjerke ynmitsele.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ynterieur
-
Efterkant mei de Fryske en de Nederlânske flagge
-
Grêf fan skilder Anton Raphael Mengs