Friesoythe
Friesoythe | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Landkreis | Kloppenburch (distrikt) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 22.288 (2017) | |
Oerflak | 247,09 km2 | |
Befolkingsticht. | 90 / km2 | |
Hichte | 6 | |
Oar | ||
Postkoade | 26169 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
www.friesoythe.de |
Friesoythe is in stêd en in selsstannige gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen oan de rivier de Soeste en heart ta de landkreis Kloppenburch. De stêd is njonken Sealterlân yn it Aldenburger Múnsterlân situearre.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Friesoythe bestiet út twa dielen Fries en oythe. Ut 1582 is de skriuwwize Frieß Oitha bewarre bleaun. Dat oythe giet werom op in soarte fan drûch eilân yn in feangebiet. It komt wol aardich oerien mei de geast of gaast yn in sompegebiet. Yn it Latyn waard de namme skreaun as Oytha frisica. [1] Yn it Sealterfrysk hjit de stêd Ait of Äit. It taheakjen fan it begryp Fries wie yn Sealterlân oerstallich, om’t de stêd dernjonken yn East-Fryslân lei.
Plakken yn de gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Altenoythe
- Edewechterdamm
- Friesoythe
- Gehlenberg
- Markhausen
- Neuscharrel
- Neuvrees
- Thüle
De yn it doarp Altenoythe berne Heinrich Cloppenburg (* 11 april 1844, † 11 novimber 1922 yn De Haach) wie ien fan de grûnlizzers fan de kleanwinkel Peek & Cloppenburg yn Rotterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|