French Country Music Award

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
French Country Music Award
Prix Français de Musique Country
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
útrikt foar countrymuzyk
útrikt troch FACM
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 2002
1e útrikking 2002
offisjele webside
www.facm.free.fr

De French Country Music Awards (Frânsk: Prix Français de Musique Country) binne in groep Frânske prizen dy't ienris yn it jier yn 15 kategoryen útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan 'e Frânske en ynternasjonale countrymuzyk. Frjemd genôch (foar in Frânsk barren) steane de prizen fral bekend ûnder de Ingelske namme. De French Country Music Awards besteane sûnt 2002, en wurde tawiisd en útrikt troch de French Association of Country Music, fêstige te Saint-Laurent de Vaux.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste Frânske sjongster fan it jier
  • bêste Frânske sjonger fan it jier
  • bêste Frânske groep fan it jier
  • bêste sjongster fan it jier
  • bêste sjonger fan it jier
  • bêste muzikant fan it jier
  • bêste ûnôfhinklike artyst fan it jier
  • bêste duo fan it jier
  • bêste artyst/groep fan it jier
  • bêste bluegrass-band fan it jier
  • bêste nije talint fan it jier
  • bêste liet fan it jier
  • bêste album fan it jier
  • bêste live-optreden fan it jier
  • bêste fideoklip fan it jier

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]